de redaksje

De rubryk Poadium

logo.ensafh

De rubryk Poadium is ornearre foar mieningen, diskusje en polemyk, oangeande literêre en kulturele en maatskiplike saken (dy’t ek de literatuer reitsje). Dêrnêst is der ek romte foar presintaasjes. It stiet elkenien frij om der bydragen foar yn te stjoeren. Wy hoopje dat der in protte gebrûk fan makke wurde sil.

Digitaal redaksjeadres: redaksje@ensafh.nlLês fierder

Abe de Vries

De wurdearring fan poëzij fynt plak yn ’e diskusje – Oer de Spiegel en Het goud

logo.ensafh

1.

It ferlykjen fan de twadde edysje fan de Spiegel van de Friese poëzie (Meulenhoff) en Het goud op de weg (Bornmeer) is net even in putsje foar tusken it neigesetsje en de kofje troch. Om te begjinnen hawwe de boeken úteinlik in ferskillend doel: de Spiegel pretindearret in algemien-kanonisearjend oersjoch te jaan, wylst Het goud folle mear in essayistysk wurkstik is, bedoeld om in beskate fizy nei foarren te bringen.
It falt op dat de nije Spiegel de wrâld yn moat sûnder fatsoenlike ynlieding: hjir wurdt in kar makke en dus in boadskip presintearre, dy’t net eksplisyt ferantwurde wurdt, oars as mei in koarte ferwizing nei de (dizige) kritearia ‘eigen smaak’ en ‘literêre resepsje’.… Lês fierder

Oprop Skriuwerskalinder 2010

logo.ensafh

De Kalinderredaksje fan It Skriuwersboun hat in tema foar de nije Skriuwerskalinder 2010 fêststeld. Dat wurdt: ‘Wat oars’.

Yn 2009 bestiet it Fryske Boek 75 jier. De meiwurkers wolle by dat jubileum net allinne weromsjen. Krekt oarsom, der moat neitocht wurdt oer hoe’t de promoasje fan de Fryske literatuer der yn de takomst it bêste útsjen kin. It is wol wis dat der foar It Fryske Boek yn 2010 in soad feroarje sil. De stichting jout har selsstanigens op en wol yn gearwurking mei in oare ynstelling nije wegen ynslaan. Wat oars, dus. Dat begjint al mei in ferhuzing en in oare direkteur.… Lês fierder

04-04-2009 Presintaasje cd ‘Smûzje’: tolve lieten fan rymposters op in cd

logo.ensafh

Al tolve jier lang meitsje de Stichting It Fryske Boek en de Stichting It Fryske Berneboek yn gearwurking mei Bibleteekservice Fryslân in rymposter foar de Berneboeketiid. Op dy poster is in nij fers fan in Fryske dichter ferwurke yn in moai ‘skilderij’ fan in yllustrator. It keunstwurk slút altyd oan by it tema fan de Nasjonale Berneboekewike.

De Fryske rymposter is in begryp op de Fryske basisskoallen en yn bibleteken wurden. Alle jierren krije in oare skriuwer en yllustrator de fraach om poëzij op in oantreklike wize te presintearjen. Foar de bern wurdt sa it Frysk gedicht dúdliker makke troch de yllustraasje: de rymposter as in twa-ienheid fan fers en byld.… Lês fierder

Earste nûmer ensafh op papier is út

logo.ensafh

It earst nûmer fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stiet de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foat it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjochdêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

Ynhâld ensafh 1 yn print

3 Redaksjoneel

Imke Hooijenga
4 Rixt, in Jongfryske skriuwster?

Jacobus Q. Smink
23 Ingelin

Antje Swart
3 It libben sa’t it is

Ate Grypstra
35 Kosmogony

Teije Idzardi
36 Minne reis

Willem Winters
37 Joachim Ringelnatz – Was nutzt ein Dach…

Piter Boersma
42 De terrastegel
43 De ligusterhage
44 De trotwaartegel

Ate Grypstra
45 Opfallend ûnopfallend

Jantsje
49 Stjonkswam

Bartle Laverman
50 Pake by Verdun
51 Pake by Waterloo
52 Pake by Shanghai
53 Pake by Treblinka

Primo Levi
54 Willensmoeds betsjoend (oersetting en ynlieding: Alpita de Jong)

Hidde Boersma
60 It guozzeroppen
61 Bruorren
62 Opium foar de boarger
63 Ensafuorthinne

Redaksjoneel ensafh 1 yn print

Dit is it earste nûmer fan ensafh, it tydskrift dat útnstien is troch de fúzje fan Hjir en it ynternet tydskrift Farsk).… Lês fierder

Fjouwer skriuwers Boekewikegeskink bekend

logo.ensafh

Fjouwer skriuwers Boekewikegeskink bekend

omslachYn it Frysk Boekewikegeskink Feestlift wiene fjouwer ferhalen fan anonime skriuwers opnommen. De lêzers mochten besykje út te finen wa’t de auteurs wiene. De ferhalen binne skreaun troch Aggie van der Meer (De fioele), Henk de Haan (It reade fytske), Anders Rozendal (Wetterloo) en Greet Andringa (Dues ex).

It Boekewikegeskink Feestlift, útjûn troch de 75-jierrige Stichting It Fryske Boek by gelegenheid fan de Fryske Boekewiken 2009, is in bysûndere edysje. Der wiene twa wedstriden oan ferbûn, ien foar skriuwers en ien foar lêzers. Oars as oars binne diskear fjouwer ferhalen fan likefolle anonime auteurs yn de bondel opnommen.… Lês fierder

23-04-2009 Liwwadder Poëzie Avond

logo.ensafh

Liwwadder Poëzie Avond 23 april 2009, 20.00 uur in De Bres te Leeuwarden

Aanstaande donderdag 23 april is er weer een Liwwadder Poëzie Avond met Friestalige en Nederlandstalige gedichten in debatcentrum De Bres, Schoolstraat 4 te Leeuwarden.

Uit Coevorden komt stadsdichter Mart Brok, die zich laat begeleiden door gitarist Harm Bos; Hiltsje Jongsma uit Elsloo publiceerde o.a. in Hjir en Farsk en zal voordragen in het Fries; Laura Demelza Bosma uit Baarn (dichtbundel ‘Zo vliegen de walvissen’) schrijft gedichten als neervlijende guillotines. Zelden schreef zo’n jong talent zulke trefzekere, illusieloze gedichten vol sprookjesachtige beklemming en ontboezemingen. Jan Seunnenga, één helft van het Friese duo Pigmeat, zal gedichten van bekende dichters, die hij op muziek heeft gezet, zingen en spelen; dichter/beeldhouwerJan Ketelaar stamelt met woorden en struikelt met beelden langs ’s Herenwegen.… Lês fierder