Aginda 24-03-2026: Maitiidslêzing oer Nynke van Hichtum en berneliteratuer

logo.ensafh

Yn de maitiidslêzing fan de Freonen fan Tresoar fertelt Tresoar-fellow Sieger Vreeling oer de útkomsten fan syn ûndersyk nei brieven fan Nynke van Hichtum. Ek binne der presintaasjes en is der in fraachpetear mei oare sprekkers: Tialda Hoogeveen, Rixt van der Heide en Linda de Haan komme oan it wurd. In tige nijsgjirrige jûn mei Nynke van Hichtum en berneliteratuer yn ’e haadrol!

Programma
19.00 Ynrin
19.30 Programma mei presintaasjes en fraachpetearen
21.00 Neisit / buorrel
22.00 Ein

Ynformaasje
Datum: 24 maart 2026
Tiid: ynrin fan 19.00 oere ôf
Lokaasje: Tresoar, Ljouwert
Kosten: fergees foar de Freonen fan Tresoar en oare belangstellenden

Sjoch foar mear ynformaase en oanmelding by TresoarLês fierder

Teleks: IEPEN CALL – Wa wurdt de nije Fryske Transpoesie Dichter?!

logo.ensafh

Transpoesie is in ynternasjonaal evenemint yn Brussel, dêr’t ferskate dichters fan ferskate (minderheids)taalgebieten by inoar komme. It is in prachtich plak om dy as dichter te ûntwikkeljen, troch mei te dwaan oan skriuwsesjes, fan inoar te learen, te netwurkjen en mei inoar in fantastyske foardracht del te setten. En fansels it Frysk mear op de kaart te setten. Dyn gedicht sil te sjen wêze op de webside fan Transpoesie en sil dêr ek útstald wurde.

It tema dit jier is topofony fan in ûnoersetber Europa. We freegje dy dus in gedicht te skriuwen mei dit tema.

Sjoch foar mear ynformaasje en oanmelding by it SkriuwersbûnLês fierder

Teleks: Skriuw!

logo.ensafh

Skriuw! is in ferhalewedstriid en skriuw-evenemint dat learlingen oanset ta kreatyf skriuwen yn it Frysk. It doel is om safolle mooglik learlingen fan groep 7 en 8 Frysk skriuwe te litten.

It projekt bestiet út in tal opdrachten dy’t de learlingen yn de klasse dwaan kinne om it kreative skriuwen te stimulearjen. Mei dy opdrachten wurkje de learlingen oan de feardichheden om oan de ein in ferhaal te skriuwen foar de ferhalewedstriid. It bêste ferhaal wint hjirby fansels in priis en sil brûkt wurde as basis foar de tekst fan it fineale-evenement.

Sjoch foar mear ynformaasje en opjefte by EBLTEBLTLês fierder

Aginda 14-03-2026: boekpresintaasje ‘Flarde’ fan Bart Kingma

logo.ensafh

Omdat it (nasjonale) boekewike is, is ús Afûkwinkel dizze sneon (ekstra) iepen. Wy ferwolkomje dy graach tusken 10.30-17.00 oere. Middeis fan 14.45 oere kinst oanslute by de feestlike presintaasje fan de nijste roman fan Bart Kingma: Flarde, in ferhaal oer ferlet, ferlangen en ferbylding. Gerard de Jong giet mei Bart yn petear oer syn nije boek en fierder binne der bydragen fan dichter Syds Wiersma en theremin-spiler Gerben Gerbrandy.

Sjoch foar mear ynformaasje by de AFUK.… Lês fierder

Teleks: Gabrielle Terpstra’s Geller nei London, Leipzig en Turyn

logo.ensafh

En no is Geller útsocht troch it Nederlands Letterenfonds foar de foarjiersseleksje, om de boer mei op te gean op de ynternasjonale boekebeurzen yn Leipzig (19-22 maart 2026), Londen (10-12 maart 2026) en Turyn (14-18 maaie), meldt har útjouwer Hille Faber, dy’t dêr “tige mei ynnommen” is. Boeken as Geller binne der net in soad yn de Fryske literatuer. It is moai dat it Letterenfonds dêr each foar hat en krekt dizze roman yn de foarjiersseleksje opnommen hat.

Lês fierder by de MoanneLês fierder

Aginda 23-04-2025 en 21-05-2025: Twalûk Moard en deaslach by Tresoar

logo.ensafh
Nei in twalûk oer humor yn de Fryske literatuer yn 2025, organisearret Tresoar dit jier yn it eigen pop-up kafee De Gouden Leeuw in twalûk oer moard en deaslach yn de Fryske letteren. Foar in elk dy’t ek wol ris mei de hannen foar de eagen op it puntsje fan de bank nei in spannende searje op Netflix sit te sjen, en dy’t it eins te grizelich fynt. Dyjingen riedt Tresoar oan om ris in Fryske thriller te lêzen. Foar wa’t alfêst in bytsje op ‘e smaak komme wol, is it twalûk fan dit jier in oanrieder.
Yn it twalûk ‘Moard en deaslach’ komme Fryske plysjeromans, misdiedferhalen en detectives fan skriuwers fan doe én no oan bod.
Lês fierder

Aginda 15-03-2026: In oade oan Ype Poortinga

logo.ensafh

Op snein 15 maart 2026 fynt yn it hert fan Rinsumageast, Herberg Het Rechthuis, in middei plak dat folslein yn it teken stiet fan it wurk fan de Fryske skriuwer Ype Poortinga (1910 -1985) út Rinsumageast.

In programma fol Fryske folksferhalen, foardrachten en muzyk. Op dizze bysûndere middei wurdt it libbenswurk fan Ype Poortinga op waarme en ynspirearjende wize ta libben brocht troch:

Masterferteller Douwe Kootstra, hjoeddeiske fertellers Aggie Meijer en Thom Boonstra en de Fryske sjonger Marcel Smit, hy soarget foar de muzikale omlisting.

Sjoch foar mear ynformaasje en opjefte by Herberg Het RechthuisLês fierder