De nije Letterhoeke fan Tresoar stiet online. Klik hjir foar it nijste nûmer (pdf)… Lês fierder
De nije Letterhoeke fan Tresoar stiet online. Klik hjir foar it nijste nûmer (pdf)… Lês fierder
De ôfdielingen Frysk fan de universiteiten fan Grins en Amsterdam en hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert komme mei in nije langrinnende kampanje om mear studinten te lûken.
De trije ûnderwiisynstellings wolle mear gearwurkje om mear bekendheid te jaan oan de ferskate manieren wêrop’t minsken Frysk studearje kinne yn Ljouwert, Grins en Amsterdam.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Ga er maar aanstaan, 44 gedichten van 34 dichters vertaald uit het Engels, Duits en Frans in Nederlands en Fries. Een vijftalige bundel derhalve is Oerset, de titel is Fries voor vertaald. En dat is in dit geval wel een adequate titel.
Oerset is een uitgave van de Leeuwarder uitgeverij Perio. Het idee achter deze bundel is van Hans van der Heijde, schrijver en sinds vorig jaar eigenaar van Perio. Hij is ook een van de vertalers. Dat wil zeggen, hij verzorgde de Nederlandse vertaling. De Friese vertaling is het werk van oud-journalist en dichter Fedde Douwes Dijkstra.
Lês fierder by Nico Hylkema op Bazarov… Lês fierder
In biografy is in ferhalende libbensbeskriuwing fan in persoan dy’t ynsjoch jout yn it karakter fan dy persoan. As lêzer dûkst hielendal yn dat libben: alles komst te witten, fan hichtepunten oant djiptepunten. Mar hoe is it om in biografy te skriuwen? Tal fan aspekten komme dêr by oan de oarder: boust de tekst gronologysk of tematysk op? Beneamst alle foarfallen of litst wat wei? En wat is it kritearium?
Yn trije jûnen, elk mei in eigen ynfolling mar mei de biografy as mienskiplik tema, stean ferskate fasetten sintraal. . Sa stean we stil by it sjenre biografy en watst tsjinkomst by it skriuwen fan in libbensferhaal, twa biografen fertelle oer har ûnderfiningen en ûndersyk en ta beslút komt de wittenskiplike biografy oan de oarder.… Lês fierder
Op 14 en 19 april presentearret dichter Eeltsje Hettinga syn dichtbondel ‘Te pearde–Te
peerde’ dy’t gearstald is nei oanlieding fan de Gysbert Japicxpriis dy’t hy wûn yn 2021.
Skriuwer-dichter Eeltsje Hettinga krige yn 2021 de Gysbert Japicxpriis takend foar syn wurk as Dichter fan Fryslân (2017-2019). De provinsje Fryslân stelde de laureaat yn de gelegenheid om in seleksje út eigen wurk meitsje te litten. Skriuwster Elske Schotanus stalde de twatalige blomlêzing ‘Te pearde–Te peerde’ gear, soarge foar de oersettingen en skreau der in ynliedend essay by. It boek wurdt útjûn troch Utjouwerij DeRyp en ferskynt boppedat as bysûndere útjefte fan kultureel tydskrift de Moanne.… Lês fierder
Lost Words
Oer wurden dy’t yn it proses fan oersetten ferlern geane; it saneamde Lost In Translation. Dat wie ynearsten de opset fan it projekt mei de namme Lost Words. 16 wurd-en byldkeunstners binn’ dêr oer teset gien, mar lieten har net beheine en “de scope” is aloan grutter wurden; omtinken foar de kontekst, foar wurden dy’t yn ûnbrûk rekke binne, troch de tiid ynhelle, wurden dêrts’t net opkomme kinst en de spanning dy’t dat opsmyt. De keunstners geane der allegear op har eigen wize mei oan de haal en wat dat opsmiten hat oan meartalige wurken foar oan de muorre, gedichten, objekten en wat al net is fan 8 april ôf te sjen op De Gerdyk by galery Nynke&Blom oant en mei 23 april en dêrnei yn galery Weerdruk yn Amsterdam oant en mei 21 maaie.… Lês fierder
It literêre online tydskrift Fers2, dat oprjochte waard troch Friduwih Riemersma en Abe de Vries, wurdt op koarte termyn oernommen troch de Fryske Akademy.
Neffens wurdfierder Lamme Hoekstra wol de Akademy literêr-wittenskiplike publikaasjes yn digitale foarm op Fers2 publisearje. ‘Wy kinne gebrûk meitsje fan de ynfrastruktuer fan Fers2, sadat der gjin grutte kosten oan ferbûn binne.’ Sa seit Hoekstra.
It is net bekend oft Riemersma en De Vries ek oan dit nije projekt meiwurkje sille.… Lês fierder