De trijedielige FryslânDOK-serie ‘Rûzje wyn’ (Fluister wind) is in syktocht nei poëzy. Filmmakker Ester Eva Damen ferbynt har oantinkens oan Fryslân mei it wurk fan de eigentiidske dichters en performers Tsead Bruinja, Nynke Laverman en Elmar Kuiper. Fan 18 febrewaris ôf binne de films te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân.
De Fryske dichters Tsead Bruinja, Nynke Laverman en Elmar Kuiper brûke ferskate talen yn harren wurk. Filmregisseur Ester Eva Damen makke tegearre mei harren in rige byldfertellingen rûnom in Frysk gedicht. In part fan har jeugd wenne Ester Eva yn Fryslân. Se k aam werom mei de kamera om oansluting te sykjen by in tiid dy’t se yn har libben apart set hie.… Lês fierder