Aginda 15-12-2022: Oade oan de ko

logo.ensafh

Twa Fryske molkfeehâlders, de firma’s Schaap en De Boer yn Turns, dogge mei oan in pilotprojekt foar ‘Oade oan de ko’. Yn dizze pilot hawwe dichters en learlingen fan basisskoallen mei de ko en alle ferhalen deromhinne oan ‘e slach west.
Dichters op de pleats

De boeren binne keppele oan in dichter. Elmar Kuiper oan de boeren fan firma Schaap (Nelleke, Sjoerd en Jelmer) en Ytsje Hoekstra oan it molkfeebedriuw De Boer (Gerben, Wiebe en Auke-Ids). De dichters hawwe ûndersocht wat de hjoeddeiske relaasje tusken boer en ko is. Hoe stiet it derfoar mei de ko yn in tiid dat saken as stikstof, fosfaat, metaan, grûnwetterstannen, fersuorring en miljeu-easken foar ûnrêst en betizing soargje yn de sektor?… Lês fierder

Teleks: Komt er toch een hoogleraar Fries? RUG zoekt naar ‘iets op dat niveau’

logo.ensafh

De RUG zoekt naar een tussenoplossing om toch zo snel mogelijk een hoogleraar aan de leerstoel Friese taal- en letterkunde te verbinden.

Hoe die oplossing eruit zal zien, is nog niet bekend. De universiteit denkt niet op korte termijn een voltijds hoogleraar te vinden om de functie te bekleden.

‘Als die er zou zijn, dan hadden we die nu wel gevonden’, zegt woordvoerder Anja Hulshof. ‘We willen nu kijken hoe we op een andere manier toch op het niveau van hoogleraar iets kunnen organiseren.’

Kritiek

In oktober benoemde de RUG universitair docent (UD) Anne Merkuur als opvolger van emeritus hoogleraar Goffe Jensma.… Lês fierder

Teleks: ‘Sneldichters’ yn treinen en bussen Arriva foar sinteklaasgedichten

logo.ensafh

Yn de treinen en bussen fan Arriva koene je moandei ‘sneldichters’ tsjinkomme. Dy koene noch moai helpe mei de gedichten foar sinteklaasjûn.
“Wy fine it sa no en dan aardich om ús reizgers op in ludike wize te ferrassen. It is pakjesjûn dus dêrom hawwe wy in Fryske sneldichter ynskeakele om moaie last minute gedichten foar minsken te meitsjen”, sa fertelt Jacoba Hoeksma, wurdfierder fan Arriva.

Lês, harkje en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Fryske Akademy publisearret wittenskiplike grammatika fan it Frysk fan Sealterlân

logo.ensafh

Binnen de Fryske taalfamylje binne it Westerlauwersk Frysk en it Noard-Frysk goed beskreaun. It lytse oerbliuwsel fan it East-Frysk, it Frysk fan Sealterlân, yn Dútslân, komt lykwols al jierren oan ‘e krapperein. De Fryske Akademy docht dêr no wat oan. Dat is ek wol nedich, want de taal stiet tige swak: minder as tsien persint fan de ynwenners fan Sealterlân kin it mear prate.

Lês fierder by It NijsLês fierder