In boek útjûn krije yn Masedoanië liket net dreger te wêzen as by ús. It koe wolris makliker wêze as yn Fryslân in Frysk boek publisearje. Yn alle gefallen: op ’e weromreis út Masedoanië hie ik in hiele koffer ekstra rombagaazje mei. Kilo’s Masedoanyske boeken, as sûvenirs, kurioasa, kado’s en klassikers.
Myn goekunde út de eardere Joegoslavyske republyk is fansels net hielendal in trochsneed fan de befolking. Hast allegear ha se oait wolris in dichtbondel útbrocht. Dochs wol ik op grûn fan dy net-represintative stekproef feilich oannimme dat de dichtbondelproduksje yn it Masedoanysk stikken heger leit as yn it Frysk. En se begjinne der ek betider mei.… Lês fierder



