De redaksje fûn dat it tiid waard en set besprekkers en harren wurk yn it sintsje. Besprekken roppe op ta diskusje, biede nije lêsmooglikheden en hâlde de literatuer libben, ek bûten de siden fan it boek. Fan juny oant en mei septimber set Ensafh dêrom de literêre besprekking sintraal, online en yn tydskrift nûmer 3, dat op 18 juny útkaam.



















