Kollum Gerard de Jong: Tolk

logo.ensafh

Europese taalkongressen biede deurgaans ’n prachtig palet an taaldifersiteit. Maar d’r motte beslútten nommen worre, en ’t is belangryk dat elkeneen alles goed ferstaat. D’r binne derom geregeld tolken bij, soa ok in Stockholm ’n paar weken leden.

De mînsen hadden de oortsys indeen om te lústeren naar de fertaling fan ’t praatsy fan de Spaanstalige pinningmeester over de jaarreken, maar út ’t apperaatsy kwam inkeld wat gehijg, gesucht en ruus. ’t Klonk krekt as worde de tolk niet goed.

Drie menútten lang praatte de pinningmeester in ’t Spaans over bedragen, finansjele weromblikken en feergesichten. De tolk bleef stil en fertaalde gyn woord.… Lês fierder

Teleks: Utstalling ‘Lytse Ivichheid – Einleas No’ iepene

logo.ensafh

Yn Ljouwert iepene Dichter fan Fryslân, Arjan Hut, freedtemiddei 22 maaie, de troch him gearstalde eksposysje Lytse Ivichheid – Eindeloos Nu, wêryn’t Fryske dichtbondels en harren omslachûntwerpen út de ôfrûne hûndert jier sintraal stean. Wy fan de Moanne wiene der by!

De titel Lytse Ivichheid – Einleas No is ynspirearre op de bondel Lytse Ivichheit fan Jan Dotinga út 1965, ien fan de omslaggen dy’t diel útmakket fan de útstalling. “In titel dy’t past by it gefoel dat je yn sa’n útstalling stekke”, sa seit Arjan Hut by de iepening. Hut socht foar dizze útstalling 49 omslachûntwerpen út fan Frysktalige dichtbondels dy’t de ôfrûne iuw ferskynden, fan ’e roaring oant ’e rotting twenties.… Lês fierder

5 tips voor het schrijven van een achterflap

logo.ensafh

Als schrijver is het de manier om lezers te interesseren voor je verhaal: een achterflap. Voor de een is het zo geschreven, terwijl het de ander uren kan kosten. Hier verschillende tips voor het schrijven van een achterflap.

Tip 1: Tease je lezers
Vertel de verhaallijn van je verhaal op een manier dat mensen meer willen, tease je lezers. Geef ze een voorproefje van wat ze te wachten staat. Dit kan door middel van een citaat uit je verhaal of een fragment van een spannende scène. Let er wel op dat je niet te veel vertelt en zo het verhaal al verklapt.… Lês fierder

Teleks: Mar leafst seis skriuwers skriuwe Frysk Kadoboek 2026

logo.ensafh

Net minder as seis skriuwers skriuwe it Frysk Kadoboek foar de Fryske Boekewike 2026. Gabrielle Terpstra, Marije de Lange, Martsje de Jong, Gerard de Jong, Henk van der Veer en Johan Veenstra skriuwe elk in ferhaal foar it Kadoboek dat ferskynt ûnder de titel ‘Libje fanút gelok’. In Kadoboek fol mei persoanlike, waarme, kwetsbere, humoristyske, aktuele en mytyske ferhalen.
Utjouwer Eddy van der Noord fan Utjouwerij Louise is entûsjast: “As útjouwer fyn ik dit in hiel bysûnder projekt. Ik fyn it wichtich dat der yn dit boek ek oandacht is foar streektalen as it Stellingwerfsk, it Snitsers en it Biltsk. Dit kadoboek is in stipe foar it yn libben hâlden fan dy streektalen en it Frysk.… Lês fierder

Teleks: Geart Tigchelaar nei Transpoesie

logo.ensafh

Geart Tigchelaar nei Transpoesie

Fan 17 oant 19 septimber hat yn Brussel it ynternasjonale dichtersbarren Transpoesie plak. It tema dit jier is “Where voices meet”, mei oandacht foar taal, romte en poëtyske wjerstân troch en yn oersettingen.

Dit jier sil Fryslân fertsjintwurdige wurde troch dichter Geart Tigchelaar. Geart Tigchelaar (1987) is hikke en tein yn Damwâld, mar wennet no yn ’e Greidhoeke. Nei tsien jier lang as oersetter en korrektor wurke te hawwen, hat er no in baan yn it miljeukundige wurkfjild. Tusken de bedriuwen troch besiket er tiid frij te meitsjen om te wurkjen oan mear aktivistyskere poëzy en syn tredde en foarearst lêste roman.Lês fierder

Tink derom. Falkûlen (11)

logo.ensafh

Wer in pear fan dy wurden dy’t yn it Frysk en it Hollânsk foarkomme en oaninoar besibbe binne, mar dy’t elk foar oar in eigen ûntwikkeling trochmakke hawwe en no net mear yn alle opsichten itselde betsjutte.

bedarje en bedaren
Tsjin ien dy’t nochal oerstjoer en drok is sizze we: “Bedarje dy wat” of “Bedarje wat.” Is er kalmer wurden, dan konstatearje we dat er him bedarre hat of dat er bedarre is. Dat kin beide. It past net allinne by it minsklik hâlden en dragen, fan it ôfnimmen yn ferheftigens is ek sprake yn bygelyks “de pinemûle is bedarre”, “de stoarm is bedarre” en “it lawaai is bedarre.”Lês fierder