Peaskemoandei • Obe Postma

logo.ensafh

 

 

 

Jonge kearels komme sjongende de himmen út wei;
De pols op ’t skouder, foarjiers-dronken.
Ik bin te âld om dronken te wurden,
Mar de reade kop fan in soerstâl stek ik op ‘e jas
En wiid set ik de sinnen iepen.
Ryk en bliid leit it lân,
Griene teisters driuwe fan ‘e wâl ôf de sleatten op;
Ut it westen komt de fochtige wyn.

Lês fierder by FrisistykLês fierder

F.F.J. Bernlef bestiet 100 jier, organisearret grutte reüny en bringt lustrumboek út

logo.ensafh

De Fryske studinteferiening F.F.J. Bernlef yn Grins bestiet hûndert jier. Ta gelegenheid fan dat feit organisearret de feriening op 24 maaie oankommend in grutte reüny foar leden, âld-leden en in elk dy’t him of har mei Bernlef ferbûn fielt.

De reüny begjint op 24 maaie om 13.00 oere, en om 14:00 oere sil it lustrumboek Bernlef foar ivich útrikt wurde, ta eare fan 100 jier Bernlef. In redaksje besteande út leden, âld-leden en eareleden hat de ôfrûne oardel jier mei it gearstallen fan dit lustrumboek dwaande west. Oer de útrikking fan it lustrumboek seit Bernlef sels dat it in “bysûnder, noch nea troch de feriening earder fertoand barren” wurde sil.… Lês fierder

Finding Comfort Amid Chaos

logo.ensafh

It’s not your imagination—building a writing career is getting tougher. Recent statistics estimate that two million new books a year are offered on Amazon. Competition grows stronger, the market grows more crowded, advances are decreasing, and more and more authors are competing for eyeballs—including against an onslaught of AI-generated books.

Lês fierder by WritersDigestLês fierder

Teleks: Doch mei oan de Fryske Poëzyslam 2025

logo.ensafh

Doch mei oan de Fryske Poëzyslam 2025

Bisto in dichter, skriuwer of wurdkeunstner? En wolsto de bêste Fryske Poëzyslammer fan 2025 wurde? Doch dan 26 juny mei oan de Fryske Poëzyslam! Kinst dy oant 15 maaie opjaan foar de slam fia communicatie@tresoar.nl.

Hâld rekken mei twa foardrachten fan elk maksimaal 3 minuten en in repetoire foar de finale: yn 7 minuten bringe twa finalisten om bar in fers. Alles yn it Frysk fansels.

Doarsto it oan?!

Lês fierder

Teleks: Oant 15 maaie noch ynstjoere foar de Rely Jorritsmapriis

logo.ensafh

Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 15 maaie syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro.
De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan rely@stiftingflmd.frl

Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery, besteande út Marrit de Schiffart, Gerbrich van der Meer en Reitze Jonkman.

Foar mear ynformaasje sjoch de webside www.stiftingflmd.frl

 … Lês fierder