De Fedde Schurerlêzing
Fedde Schurer (1898-1968) wie in Frysk dichter en sjoernalist. Dêrneist siet er yn de Twadde Keamer foar de PvdA. Jierrenlang wie Schurer haadredakteur fan de Friese Koerier; syn stilistysk briljante en skerpe artikels wiene bekend yn en bûten Fryslân.
Sûnt 2010 organisearret de (Ried fan de) Fryske Beweging jierliks yn gearwurking mei Tresoar, de Fryske Akademy en de Ljouwerter Krante in grut opsette lêzing ta neitins oan Fedde Schurer.
Yn syn libben en syn wurk mijde Fedde Schurer de paradoks net. Sterker noch: dizze dichtsjende politikus, aktivistyske pasifist en yntellektueel fan beskieden komôf ferienige frijwat utersten yn him.… Lês fierder