It projekt Fier dyn eigen taal mei as tema Taal wie in boppeslach, sjoch: FERSLACH EN PRAATSTIK Feest fan Fier dyn eigen taal 29-11-2025.
It tal ynstjoerings wie oerfloedich: sa’n 250, yn mear as 70 tongslaggen, dêr’t 222 fan yn ’e sammelbondel opnommen binne.
Der is ferlet fan in poadium foar poëzy yn lytse talen, sadwaande hat dit projekt in ferfolch – mei as tema: Frijdom.
Dizze nije ûndernimming is weareldwiid fan aard, dat betsjut dat fersen út alle ‘lytse talen’ yn ’e beneaming komme – de faak lytsachtsjende oantsjutting ‘dialekt’ brûke wy net. ‘Lyts’ is fansels betreklik – sa kin in taal mannich sprekkers ha, mar neat te folle sizzenskip.… Lês fierder