Blog Johan Veenstra: Vertaelen

logo.ensafh

Vandemorgen he’k op ‘e fiets naor de mark in Wolvege west om eerpels. Et was best nog wel fris, ik kon de haansken wel an hebben. Nao de mark he’k op vesite west bi’j Gooitske, de wedevrouw van mien aachterneve Joop. We hebben genoeglik even bi’jpraot. Ik hadde d’r al neudig es henne moeten, mar dat is now dus gebeurd. De geleerden zeggen dat et de kommende daegen almar lekkerder weer wodt. Dat zol mooi wezen.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Blog Klaas van der Hoek: Trakl yn it Frysk

logo.ensafh

Wa, Trakl? Ja, Trakl. De rom yn de Lege Lannen fan de Dútsktalige dichter Georg Trakl stiet fier achter by dy fan bygelyks Heine en Rilke. Harren wurk is sûnt jier en dei beskikber yn tal fan oersettings, sawol Hollânske as Fryske. Mar Trakl makket pas de lêste desennia opgong, alteast yn Hollânsktalige literêre rûnten. In bondel mei Fryske oersettings is op kommendeweis. Dochs hat Trakl ek earder spoaren yn de Fryske literatuer achterlitten. In ynventarisaasje.

Lês fierder by Klaas van der HoekLês fierder

Teleks: Dichtwedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025

logo.ensafh

Alle bern út de groepen 7 en 8 fan de basisskoallen yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de dichtwedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2025!

Skriuwst ek mei? Elkenien kin in Frysk gedicht skriuwe!

Foar skoallen dy’t meidwaan wolle oan dizze dichtwedstriid, is der in online lesbrief mei wurkblêden, te gekke filmkes én in dosintehantlieding beskikber.

Leaver in workshop (fergees) Frysk dichtsjen op skoalle? Ek dat kin! Edukaasjemeiwurkers komme yn april of maaie graach by dy op skoalle del!

Sjoch foar mear ynformaasje by TresoarLês fierder

Blog Sigrid Kingma: Skriuwers binne min publyk

logo.ensafh

Ik wie foar it earst op it Boekebal. Se hienen my frege om in lytse trije minuten foar te dragen by in bar. Dat wie fansels hiel aardich, in moai putsje op in bysûnder feestje. Ik woe alris hinne doe’t ik Dichter fan Fryslân wie, mar doe hie ik gjin kaartsje. No ek net, mar ik hie in opdrachtbefestiging. Ik hoegde pas om kertier foar alven foar te dragen, dus koe noch moai efkes thús ite. It wie faaks wat nayf om te tinken dat ik sa nei binnen rinne koe. It teater wie hermetysk ôfsletten en by de yngong stie in lange rige mei taskôgers dy’t ek nei binnen woenen om 22:00 oere.… Lês fierder

Lysbeth Jongbloed beneamd as praktor Fryske taal en taalfeardigens by Firda

logo.ensafh

It kolleezje fan bestjoer fan ûnderwiisorganisaasje Firda hat dr. Lysbeth Jongbloed-Faber fan Fryske Peallen beneamd as praktor Fryske taal en taalfeardigens yn in meartalige kontekst. Lysbeth set op 1 maaie 2025 foar 0,5 fte útein. Dêrneist bliuwt se by de Provinsje Fryslân wurkjen.

Lysbeth Jongbloed is op it stuit wurksum as strategysk beliedsadviseur Frysk by de Provinsje Fryslân, dêr’t se ûnder oare ferantwurdlik is foar de kontakten mei oare minderheidstaleregio’s en it gebrûk fan it Frysk yn digitale tapassingen en keunstmjittige yntelliginsje. Lysbeth hat ek meiwurke oan it tastânkommen fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) 2024-2028.

Lês fierder by GoeieLês fierder

23-03-2025: Presintaasje ‘Leafde yn oarlochstiid’ fan Willem Verf

logo.ensafh

Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan de mem en de heit fan de skriuwer. Syn âlden krigen ferkearing yn Dútslân, yn ’e oarloch, wylst it Ruhrgebiet heftich bombardearre waard. By biten en brokken fertelden hja har soan letter út en troch oer wat sy yn dy tiid meimakken. Hoe komme minsken dy’t gjin helden binne, dy’t neat hawwe mei ideologyske fiersichten, troch sokke tiden fan fernieling, dea en ûntregeling?
Sa persoanlik as yn dit boek hat Willem Verf boppedat net earder west. De wize wêrop’t hjir nei dy oarloch sjoen wurdt, is oars as dat men wend is – in útdaging foar de lêzer.… Lês fierder