Syktocht nei de echte ‘wylde boerinne’

logo.ensafh

It is presys hûndert jier lyn dat skriuwer Teatse Eeltsje Holtrop út Drylts (1865-1925) de novellewedstriid fan literêr tydskrift De Gids wûn mei de Nederlânske oersetting fan syn novelle De wylde boerinne. Yn de podcast ûndersykje ik dit wier barde boeredrama. Wat fertelle histoaryske boarnen ús oer de haadpersoanen fan dit literêre peareltsje? Wa wie de echte wylde boerinne?

De wylde boerinne giet oer in fete tusken twa buorlju, dy’t ein njoggentjinde iuw libbe hawwe soenen yn Drylts. Haadpersoanen binne boerinne Broersma en har buorman, boer Lammers. De lêzer stapt middenyn it ferhaal yn, wannear’t by boerinne Broersma de gekte al ynslein is.… Lês fierder

Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Dada & Drachten

logo.ensafh

De gemeentedichter fan Smellingerlân skoot by ús oan! Erik de Boer fertelt oer syn aventoeren as dichter yn tsjinst en draacht it gedicht foar dêr’t er de baan mei ‘wûn’. Boartlik, urgint (driuwend?) en tagelyk snobbersguod foar de earen! De kachel stiet oan en we waarmje ús hannen oan in bakje tee. Arjan haffelt op koeke en stelt fragen. David Lynch is stoarn, wat is syn ynfloed op de Fryske poëzy?

Lês, harkje en sjoch fierder by de MoanneLês fierder

Aginda 09-02-2025: Publykslêzing Abe de Vries oer Waling Dykstra

logo.ensafh

Sneintemoarn 9 febrewaris is der in publykslêzing fan it Skriuwersbûn en sil Abe de Vries fertelle oer Waling Dykstra.

Op sneon 8 en snein 9 febrewaris hâldt it Skriuwersbûn in noflik wykein foar leden. Nei in aktive workshop oer toanielskriuwen op sneon, is der op de sneintemoarn in lêzing dy’t ek tagonklik is foar it publyk. Abe de Vries (skriuwer, dichter, oersetter, essayist, journalist en mear) sil leafhawwers fan de Fryske literatuer fertelle oer syn biografy oer Waling Dykstra (1821-1914), samler en skriuwer fan folksferhalen en ek einredakteur fan it Frysk wurdboek. Wat makket Waling Dykstra sa spesjaal en nijsgjirrich en hoe wurket dat: in biografy skriuwe?… Lês fierder

Praatsymaker Jan de Groot: De gryp greep mij

logo.ensafh

Ik mis ’n week út myn leven en ik frees dat ik die nooit meer inhale kin. Echt, ik kon mij niet heuge at ik ooit de gryp had hew, maar na fleden week sil ik dat nooit fergete! Dus dat is gryp… Dat soks niet leuk is, is ’n understatement…

’t Begon op sundegoverdâg: ik foelde mij inenen niet lekker. De wedstriid Real Madrijd teugen Barcelona leken die avend ’t medisyn. Soa’n prachtige wedstriid dat ik sels myn opkommende gryp niet meer bespeurde.

Lês fierder by Stichting Bildts AigeneLês fierder