Blog Johan Veenstra: Streektaeldiner

logo.ensafh

D’r dwarrelde vandaege een citroenvlinder deur de tuun. De eerste vlinder van dit jaor! En de toverhaezelneutepolle bluuit! Et is heerlik veurjaorsweer. Anke het de boel schonemaekt en ik hebbe op ‘e ni’je fiets naor Berkoop en Wolvege west. Daornao he’k een allemachtig grote flut stamppot wottels/siepels klaormaekt veur morgenaovend. Een hiel regiment soldaoten kan him d’r wel zat an eten.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Teleks: Dichter Sytse Jansma fan Harns nominearre foar Flaamske poëzypriis

logo.ensafh

Dichter Sytse Jansma (44) fan Harns is nominearre foar de Herman de Coninckprijs 2025 mei syn dichtbondel ‘Rozige Maanvissen’.
It boek ferskynde jannewaris foarich jier. ‘Rozige Maanvissen’ giet oer it ferlies fan in dierbere. Op 32-jierrige leeftiid ferstoar de freondinne fan Sytse Jansma oan in harsenblieding. De bondel is in fertelling fan syn rouproses.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Pier Bergsma: Skitterje en skûlje

logo.ensafh

It sil yn septimber 2023 west hawwe dat Marian Hulshof my oanskeat om te freegjen oft ik mei har ris sjen woe nei de gedichten fan Jakobus Smink. Wy wenje beide yn Hurdegaryp en komme inoar út en troch tsjin. Smink en Hulshof kenne inoar fan de stúdzje Nederlânsk yn Grins yn de iere santiger jierren. Sels haw ik û.o. ek Nederlânsk studearre en dat ôfmakke oan de RUG, boppedat haw ik wol wat mei talen en oersettingen. Om dat lêste soe it benammen gean. Marian ferstiet it Frysk, mar dêr hâldt it dan ek sawat mei op.

Lês fierder by GoeieLês fierder

Blog Henk van der Veer: Jacobus again

logo.ensafh

Fandaach hew ik de biografy over Jacobus Q. Smink útlezen. Ik hew der lang over deen, nòrmaal sproken met twee gesonde ogen bin ik un rappe en ok nòch us un skúre lezer. Je mutte skriëve en resênseare over wat der in un boek staat, ok in un biografy. Nyt over wat der nyt in staat, mar in dit gefal hew ik dubbele gefoëlens. As groate belangstellende foar wat der in’e Frys Literêre Tún ouspeult fòlch ik al fanou de jaren seuventech. Toen ik op’e havo-tòp en pedagogise akademy De Him in Sneek sat wurdde ik onderdompeld in un weareld dy’t mij folslagen onbekend was, de literêre weareld in ut algemeen en de Frysk literêre wrâld in ut bysònder.… Lês fierder

Blog Klaas van der Hoek: It poesyalbum fan Rinske Neeltsje Lootsma

logo.ensafh

Twa dingen falle by dit poesyalbum daalk op: it langwerpige formaat en it romantyske plaatsje op it bantsje. Beide gripe op âldere tradysjes werom. De eigner fan it album wie lykwols har tiid foarút: sy bruts letter as wurkjende frou mei in wichtige baan by ‘de Kondens’ yn Ljouwert troch it glêzen plafond.

Poesyalbums hawwe ornaris in steand formaat, mar foar de foargonger fan it sjenre, it album amicorum, wie in lizzend formaat iuwenlang de standert. Dat gou bygelyks foar twa albumkes dy’t hjir earder foarbykamen, dat fan Jeltsje Ypey en dat fan Helena Bellinga Swalve. Dit poesyalbum slút dêr kwa foarm op oan: it is oblong, oftewol landscape, sa’t dat tsjintwurdich hyt.… Lês fierder