Jongfryske Mienskip wol in universitêre ûndersyksmaster Frysk

logo.ensafh

Woansdei melde de Ukrant fan de Ryksuniversiteit Grins dat de universiteit nei de simmer mei in bachelor Frysk úteinset. Dat liket hiel wat, mar ien bachelorstúdzje is net genôch foar de akademyske beoefening fan it Frysk. Noch net sa hiel lang lyn wie de situaasje in stik better. De Jongfryske Mienskip sjocht nei de takomst en wol neist de bachelor ek in ûndersyksmaster Frysk.

Lês fierder by GoeieLês fierder

90 jier Kristlike Fryske Folks Bibleteek. Diel 2: Lid Riemke Post-Swart

logo.ensafh

Nei njoggentich jier bestean lûkt de Kristlike Fryske Folks Bibleteek (KFFB) de stekker derút. Yn desimber 2024 ferskynt it alderlêste boek, dêrnei wurdt de Fryske boekeklup opheft. De 87-jierrige Riemke Post-Swart út Ferwert is al mear as santich jier lid. ‘KFFB-propagandalieder Eelke Simens de Jong trúnde by my oan, likelang oant ik ‘ja’ sei op in lidmaatskip.’

Se kin it har noch goed heuge. Se wie fyftjin jier en wurke as boerefaam op in pleats ûnder Wânswert. ‘Der kaam altyd in soad folk yn it bûthûs. Ek de Frysksinnige skoalmaster Eelke Simens de Jong wie gauris tusken de kij te finen.… Lês fierder

Teleks: RUG krijgt nieuwe bachelor Fries, in Groningen of in Leeuwarden

logo.ensafh

De nieuwe bachelor Fries start in september aan de RUG. Als alles volgens plan verloopt, kunnen studenten dan een volledige academisch bachelorprogramma in de frisistiek volgen.

Dat bevestigt letterendecaan Thony Visser aan UKrant. De RUG werkt met het Rijk, de provincie Fryslân en partners als het Friese adviesorgaan DINGtiid aan een convenant waarin onder meer de financiering en verantwoordelijkheden worden vastgelegd.

Het convenant is volgens Visser ‘in zijn eindfase’. ‘We zijn het eens over wat de inhoud moet worden. Ik denk dat de tekst deze maand gefinaliseerd wordt.’ De officiële presentatie volgt over enkele maanden.

Lês fierder by de UkrantLês fierder

Aginda 20-01-2025: Presintaasje Printeboek Paula en de weirekke spegel

logo.ensafh

Op 20 jannewaris 2025 ferskynt Paula en de weirekke spegel, in printeboek foar bern. Bysûnder en seldsum is dat it boek yn trije ferzjes en fjouwer talen tagelyk publisearre wurdt:

– Frysk: Paula en de weirekke spegel
– Nederlânsk: Paula en de verdwenen spiegel
– Öömrang/Dútsk: Paula an di ferswünjen speegel/Paula und der verschwundene Spiegel

De presintaasje fan Paula en de weirekke spegel fynt plak op moandei 20 jannewaris om 10 oere yn Museum Belvédère, Oranjewâld.

Sjoch foar mear ynformaasje by Utjouwerij DeRypLês fierder

Besprek ‘Libbe’ fan Marga Claus

logo.ensafh

Resinsje Libbe troch Marie

It boek Libbe giet oer in frou dy’t ferhuze is, wylst se earst by har heit yn itselde doarp wenne. De frou, Gryte, fielt har skuldich dat se ferhuzet wylst har heit op sa’n kwetsbere leeftiid is (yn de 90). It ferhaal fertelt hoe’t Gryte de tiid belibbet en springt hinne en wer fan de notiid nei it ferline fan sawol Gryte as har heit.

Lês fierder by Marie Ketelaar-Algra op Heit & MemLês fierder