Freed 1 novimber is yn Tresoar de biografy Der is neat glêd te striken. Biografy fan Trinus Riemersma fan de hân fan Doeke Sijens ferskynd. Ta de presintaasje hat Pieter Duijff syn fyzje jûn op Riemersma syn roman De skjintme vurt ferbwólgwódde (1981).
Trinus Riemersma skriuwt yn syn ienmanstydskrift De Kul yn de foarste jiergong fan 1983 op side 16 in koart ‘jênsteg feansiervud’. Hy skriuwt, en no sitearje ik him:
‘Mar dût ut no jûnneg vaar en Hij mar tróch spriek oer ut noed stean fon de swakken en de earmen en ut lyk rjócht fwar elkenien, begónnen Syn learlingen óm te vynen en ja ûnderbrieken Him sezende: Och, Heare, soenen Jo de bergrede ek vot ynkwatsje kenne?… Lês fierder