Linda de Haan, de nije Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân

logo.ensafh

Linda de Haan is fan jannewaris 2026 ôf trije jier lang Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Sy jout de promoasje fan it Fryske berneboek in gesicht. Linda is de tredde BBA en bysûnder is dat sy neist skriuwer en ferhaleferteller ek yllustrator fan berneboeken is.

Hokker idee soesto as BBA graach útfiere wolle?
Linda: Ik bin noch mar koart lyn begûn as BBA, mar de skoalbesites oan basisskoallen fyn ik altyd moai. It leafst wol ik op plakken komme dêr’t ik echt wat bydrage kin oan de lêswille fan bern. Dêr ha ik ek de dosinten en de direksje by nedich. Dêrom bin ik no noch oan it pionierjen: ik ûndersykje ferskate manieren hoe’t ik dat it bêste oanpakke kin.… Lês fierder

Blog Lomme en Jan Schokker: Ferhaaltsje foar it sliepen

logo.ensafh

Yn dit tiidrek, mei dizze minsken, hie God de opdracht krigen om almachtich te wêzen. Dat wie foar har gjin ûnredsum wurk, se liet de natuer gewoanwei syn dingen dwaan. O ja, se moast ek noch in treastger wêze en de minsken tsjin it kwea behoedzje. Dat wie hielendal net sa dreech: dizze minsken hoegden mar oan har te tinken en de kracht fan it leauwen die it wurk. God wie wol tefreden. It koe better, mar it hie ek folle minder wêze kind.

Lês fierder by Lomme en Jan SchokkerLês fierder

Fryslân bloeit troch twataligens!

logo.ensafh

De kommende tiid fertelt Arjen J. Dijkstra op Goeie.frl eltse wike wat hy fynt fan twataligens yn Fryslân. Net om allinnich syn miening te jaan, mar ek as oprop om dat sels ek te dwaan fia stimfanfryslân.frl  “Brûk dyn stim foar Fryslân en jou dyn taal de romte!”

De antwurden wurde brûkt foar it takomstplan fan Provinsjale Steaten. Se hawwe fragen lykas “wat betsjut twataligens foar dy?” En “Wat fynsto derfan as der twa talen brûkt wurde yn winkels, bedriuwen en organisaasjes?” Dyn ynbring is wichtich om it Nederlânsk en it Frysk ek yn 2051 mei-inoar bloeie te litten.

lês fierder by GoeieLês fierder

Aginda 26-03-2026: Lettertreffen

logo.ensafh

Bist skriuwer, útjouwer, of op in oare wize belutsen by literatuer yn Fryslân? Dan is Lettertreffen wat foar dy. Op tongersdei 26 maart organisearret Leeuwarden City of Literature de fjirde edysje fan dit jierlikse netwurkmomint. Dizze middei bringe wy de sektor byinoar: neist skriuwers en útjouwerijen, ek biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften en stypjende organisaasjes. Wy diele ús plannen en minsken út it fjild komme oan it wurd. En fansels is der in soad tiid om inoar te moetsjen en te praten.

Lês fierder en meld dy oan by Ljouwert, COLLês fierder