Teleks: Janneke Heslinga wint ferhalewedstriid BoekFloedBoek

logo.ensafh

Janneke Heslinga hat de ferhalewedstriid by de proazajûn BoekFloedBoek yn Herbergh Het Wapen van Friesland wûn. Har ferhaal ‘Wachtsje op…’ waard troch sjueryleden Gabrielle Terpstra en Martsje de Jong priizge om de orizjinaliteit en de kwaliteit. ‘It ferhaal is echt ôf en tige soarchfâldich skreaun. Hiel knap,’ sa fynt de sjuery.
Heslinga stjoerde ferline jier foar it earst in ferhaal yn en ûntwikkelt har talint ûnder lieding fan Jetske Bilker op de skriuwersfakskoalle. Earder dit jier waarden ek al ferhalen fan har publisearre yn it Literêr Tydskrift Ensafh.

De ferhalewedstriid en ferhalejûn BoekFloedBoek waard organisearre troch Martsje de Jong yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân.… Lês fierder

Tjits Peanstra 100 jier lyn berne

logo.ensafh

Op 6 novimber 2024 wie it 100 jier lyn dat dichter Tsjits Peanstra (1924-2014) berne waard. Tresoar hat skriuwer Janneke Spoelstra frege yn trije artikels stil te stean by har libben en wurk. Spoelstra sette ein 2022 útein mei har ûndersyk nei dichteressen dy’t nei 1987 ien of mear dichtbondels yn it Frysk publisearre hawwe. Ien fan harren is Tsjits Peanstra.

Lês fierder by FrisistykLês fierder

Teleks: Oprop gedichten oer it tema Taal

logo.ensafh

As it troch finansjele stipe mooglik makke wurdt, sil Frysk en Frij yn 2025 in sammeldichtbondel útjaan mei lyryk oer it tema: Taal. Oarspronklike fersen dy’t net earder publiseard binne en gjin oersettingen fan oaren.

Dat tema Taal is heel breed – gelukkich. Sa kinne je út ’e romte tarre.
Foar guon dy’t ferlet ha fan ôfbeakening fan dat universum hjir wat suggestjes:
Memmetaal, Leafdetaal, Oarlochstaal, Taaldiskriminaasje, Taal en macht, Minderheidstaal, Bernetaal, Tongetaal, Geheimtaal, Lichemstaal, Taal en identiteit.
Mear ideeën? Lit it ús witte

Lês fierder by Frysk en FrijLês fierder