Myn leafdeliet
Op dyn wangen lizze
Gouden dowen.
Mar dyn hert is in twirre,
Dyn bloed rûzet, as myn bloed –
Swiet
Foarby framboazestrûken.
Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek… Lês fierder
Myn leafdeliet
Op dyn wangen lizze
Gouden dowen.
Mar dyn hert is in twirre,
Dyn bloed rûzet, as myn bloed –
Swiet
Foarby framboazestrûken.
Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek… Lês fierder
“Luister”, wie it tema fan it literêr festival Meet me at the Lighthouse op Skiermûntseach. Besikers kamen út it hiele lân. Ik mocht dêr ek foardrage, en die dat meast yn it Frysk. Net elkenien koe alle wurden ferstean. Dat hoecht ek net, fyn ik. Mei wurden en ritmen kinst ek taalmuzyk meitsje.
By de reade fjoertoer trof ik skriuwer Tjeerd Schuhmacher, dy’t besocht om de foto op de omslach fan syn boek De Vuurtorenwachter en zijn Dochter te rekreëarjen. Dat foel net ta, de dunen lizze no hiel oars as yn de tiid (sirka 1950) dat de foto makke is.… Lês fierder
Razend gedwarrel van stemmen, tot één geraas vergroeid.
Hoge klarinetklanken. Saxophoon-geluiden en wat rest
daar tussen: Geweldig koperen orkest.
Koffiehuis, Paul van Ostaijen
In een gedicht wordt een beeld in woorden opgeroepen, en dat heeft er veel essayisten toe aangezet om na te denken over de stelling ‘ut pictura poesis’. Maar voor het beeld zich aan het innerlijk oog hecht, komt in gedichten een andere verwantschap aan de oppervlakte. Poëzie wordt sterk bepaald door het ritme en de klank, zodat er ook sprake is van een klankbeeld. De Deense literatuurhistoricus Alf Henriques (1906-1976) heeft erop gewezen dat de taal van dichters meer dan om het even welke andere taal verwant is aan muziek die iets uitdrukt zonder dat er iets wordt medegedeeld.… Lês fierder
Yn dizze ôflevering fan Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard nimt Elmar Kuiper plak oan de mikrofoan, want Arjan is siik.
– Elmar fertelt oer syn jeugd by de fleanbasis – in tiid fol spanning yn in paradys, dêr’t syn nije bondel ferlosboartsje ek oer giet. Ticht by dysels bliuwe as dichter, hoe dochst dat? Sy prate oer hoe’t sosjale media de wrâld hiel swart-wyt meitsje, mar hoe’t poëzy minsken dochs djipper sjen litte kin.
Lês en harkje fierder by Goeie… Lês fierder
Yn Ljouwert wurde mear as sechstich thústalen sprutsen. Alteast neffens Cor van der Meer, oant 2023 de driuwende krêft efter it Mercator Kennissintrum fan de Fryske Akademy.
Ljouwert is yn dat opsicht gjin útsûndering. Sûnder mis binne der yn ús lân stêden dêr’t mear talen praat wurde, mar yn ien opsicht is ús haadstêd mei rjocht in sintrum fan en foar meartaligens, nammentlik troch it Mercator Kennissintrum fan de Fryske Akademy, dat op tongersdei 7 en freed 8 novimber in konferinsje organisearre ûnder de titel ‘Shaping Policy for Minority Languages and Multilingualism’. Jonge wittenskippers út hiel Europa kamen byinoar yn it Oranjehotel yn Ljouwert om yn tsientallen presintaasjes te rapportearjen oer harren wittenskiplik ûndersyk.… Lês fierder
Op sneon 30 novimber 2024 is yn Museum Dr888en de presintaasje fan it boek De reis fan it famke. De susters Catharina en Hilleke Lautenbach ha dit mearke skreaun (Catharina) en de illustraasjes makke (Hilleke). It boek is in aventoerlik mearke dat in laits opropt én yn it moed taastet. Foar jong en âld en elkenien dy’t fragen hat oer it doel fan de syktocht yn it libben.
Sjoch foar mear ynformaasje by Utjouwerij DeRyp… Lês fierder
NHL Stenden beneamt mei yngong fan 1 jannewaris 2025 Albert Walsweer ta bysûnder lektor Fryske Taal en Kultuer. It lektoraat is ta stân kommen yn gearwurking mei de Provinsje Fryslân en is ynsteld om de doelstellings fan it belied Taalplan Frysk 2030 mei stal te jaan. It bysûnder lektoraat makket ûnderdiel út fan it lectoraat Meertaligheid en Geletterdheid fan NHL Stenden.
Albert Walsweer hat in brede ûnderfining yn it ûnderwiis. Hy wurke as learaar, as ûnderwiisadviseur by ECNO en as ûndersiker en associate lector yn it lectoraat Meertaligheid en Geletterdheid. As lektor sil hy, yn ’e mande mei oaren en yn opdracht fan de Provinsje Fryslân, op ’e praktyk rjochte ûndersyk dwaan en him rjochtsje op de fraach hoe’t skoallen de Fryske taal en kultuer op in tagonklike en ynspirearjende manier ferwurkje kinne yn har kurrukulum, sadat yn 2030 alle learlingen en studinten de kâns krije Frysk te learen en te brûken.… Lês fierder