Aginda 28-11-2024: Skriuwerskafee

logo.ensafh

Op alle lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 oere is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. Oant gau!

It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, Gabrielle Terpstra en Arjan Hut.… Lês fierder

Teleks: ‘Gouden Kneppel’ foar Willem Schoorstra

logo.ensafh

De Gouden Kneppel is in priis dy’t ynsteld is troch de Jongfryske Mienskip yn ‘e hjerst fan 2021, 70 jier nei it histoarysk barren fan Kneppelfreed op 16 november 1951 te Ljouwert. Freedtejûn 15 novimber 2024 tidens de tige slagge Smûke Jûn yn de seal mei grôtfol leden en sympatisanten rikke de Jongfryske Mienskip de twadde Gouden Kneppel út oan Willem Schoorstra. Willem Schoorstra is in bysûndere persoan mei in hiele protte talinten, hy waard berne yn 1959 yn Ternaard.

Lês en sjoch fierder by RTV NoordoostLês fierder

Slagge kongres fan Mercator

logo.ensafh

Yn myn kollum fan ferline wike haw ik tasein ferslach te dwaan fan de Mercatorkonferinsje fan 7 en 8 novimber yn it Oranjehotel yn Ljouwert. Earst mar ris wat oer de organisaasje fan it kongres. Yn ien wurd perfekt fan oankundiging oant en mei útfiering. It programma-oersjoch wie dúdlik en elkenien koe yn it ynternetboek fan abstracts fan de gearfettingen de ynhâld fan de lêzingen besjen. Alle dielnimmers krigen tweintich minuten foar in bydrage en dêrnei wie der tsien minuten foar fragen en diskusje. Dat gie goed trochdat it tiidskema goed yn ’e gaten holden waard. Minsken dy’t dochs fan gjin ophâlden wisten, waard freonlik frege om yn it skoft fierder te praten.… Lês fierder

KY en it Frysk

logo.ensafh

ChatGPT wurket aardich goed yn it Frysk, ek al is it noch net hielendal perfekt. De Keunstmjittige Yntelliginsje (KY) kin in soad wurden en sinsstruktueren yn it Frysk begripe en selsstannich generearje. Dêrtroch kin er ynformaasje op in dúdlike wize yn it Frysk oerbringe. Fansels is KY yn it Frysk noch net sa goed ûntwikkele as yn it Frânsk of Ingelsk, mar op it mêd fan Fryske grammatika en wurdskat hat de KY fan ChatGPT it ôfrûne jier hurd byleard.

Lês fierder by Wolter Jetten op FrisisitykLês fierder

Teleks: Kabinet wil toch alternatieven voor btw-verhoging op onder andere kranten en tijdschriften

logo.ensafh

Het kabinet wil toch in gesprek met oppositie over alternatieven voor btw-verhoging op cultuur en sport, waaronder ook op tijdschriften, kranten en boeken. Laatste wijziging:

Minister van Financiën Eelco Heinen was voorzichtig, maar sprak van een “mooi voorstel” vanuit de oppositie.

Algemeen secretaris Thomas Bruning van beroepsvereniging NVJ beschouwt het voorstel voorlopig als een zeer positief tussenresultaat.

‘Mede te danken aan een intensieve lobby, waarvoor uitgevers en journalisten, NDP nieuwsmedia en NVJ, samen met vertegenwoordigers uit sport en cultuur, hard hebben gestreden. Nu is het zaak dat van uitstel ook echt afstel komt.

Lês fierder by VillamediaLês fierder

Teleks: Stedsdichter iepenet pop-up gedichtewinkel yn Ljouwert

logo.ensafh

Fan 15 novimber ôf iepenet De Zinnenfabriek de doarren foar elkenien dy’t op ’e siik is nei in bysûnder Sinteklaas- of krystgedicht. Dy pop-up poëzywinkel, oprjochte yn gearwurking mei de gemeente Ljouwert, nûget jong en âld út om tusken kastkes en fekjes fol ferrassende teksten en orizjinele gedichten te sneupen. De Zinnenfabriek is tydlik iepen oant heal desimber en wurdt beheard troch Stedsdichter Marrit Jellema en har ploech fan wurdkeunstners.

Lês fierder by GoeieLês fierder

Kollum Hein Jaap Hilarides: De bând fan de band

logo.ensafh

Wij rippeteerden met ’n ouwe popband. De naam fan de groep is Wiegels Wjukkelmasine. Begin jaren negentig fan de forige eeuw waren wij hest elk weekeand met deuze band op pâd. Wij speulden fooral in Frysland, maar ok wel derbútten.

We oefenden in Bolswerd, de thúsbasis fan de band. Fijf fan de acht leden komme der weg. ’t Oefenen is wel en niet ’n reüny. ’n Heel soad bandleden sien nander nag met enige regelmaat. Derbij hewwe wij in de loop fan de tiid soa nou en dan wel ’s optreden deen. Die optredens mochten niet de naam fan reüny hewwe.… Lês fierder