Aginda 22-06-2024: International Theatre Afternoon

logo.ensafh

International Theatre Afternoon

Dizze middei wurdt organisearre by Tryater oan de Oostersingel yn Ljouwert yn it ramt fan Phōnē, in Europeesk projekt fan acht teäterselskippen dy’t yn harren minderheidstaal wurkje, dêr’t wy as Tryater pinfierder fan binne. Op alle plakken hat dizze simmer in International Theatre Night of Afternoon plak, dêr’t de selskippen mei-inoar útwikselje en gearwurkje yn it teätermeitsjen, en de útwurking dêrfan oan it publyk toand wurdt. De fergees tagonklike middei (wol graach reservearje) duorret fan 13.00 oant likernôch 17.00 oere. By de ôfslutende borrel is der noch efkes goed nei te praten.

In fjouwertalige middei (Bretonsk, Kven, Frysk en fiertaal Ingelsk) fol belibjen fan en praten oer taal en taaleigenheid

De dielnimmende selskippen ferspriede har oer lannen en lytse talen yn hiel Europa.… Lês fierder

Attentiveness

logo.ensafh

Nearly fifty years ago, the writer George Perec spent three days sitting behind a café window in Place Saint-Sulpice in Paris recording everything he saw. In his short book, An Attempt at Exhausting a Place in Paris, his observations of mundane occurrences and objects often considered unnoteworthy—passersby, cars, buses, pigeons, signs, and slogans—are documented.

Lês fierder by Poets & WritersLês fierder

Blog Johan Veenstra: Reakties op kollum

logo.ensafh

Zowel gister as vandaege kwammen d’r reakties op mien kollum Eke belt… in de Liwwadder Kraante van gister. Veur et Fries komt d’r 18 miljoen euro extra subsidie vanuut Den Haag en de perveensie wil de Stellingwarver Schrieversronte een stok henne votbezunigen en et Fries verplichten op ‘e schoelen in Oost-Stellingwarf. Wat een vieze streek. Daor is dus een BBB-dippeteerde verantwoordelik veur. Meensken die op die perti’j stemd hebben, hebben dus in wezen tegen et Stellingwarfs stemd. Gister kreeg ik mailties van meensken uut Ien in Drenthe, Et Vene en Noordwoolde. Vandaege kwam d’r een tillefoontien van een man uut Oosterwoolde en een mail van een man uut Sneek.… Lês fierder

Blog Abe de Vries: ‘Hy seach op ’t doel en gyng syn gong’

logo.ensafh

Doe’t Domela Nieuwenhuis op 21 april 1890 fiiftûzen stakende feanarbeiders út de Tynje, Beets en Nijbeets taspruts, wie myn oeroerpake fan memmekant, ‘lytse’ Sjoerd de Vries (1866-1951), boerearbeider yn ’e Biltse Westhoek, presint. Tegearre mei syn maat Gerrit de Jong (1866-1939) fan Sint Anne wie er de moarns al ierebetiid ûnderweis. Se rûnen op klompen fan it Bilt nei Nijbeets, inkeld mar om ‘ús Ferlosser’ te hearren. In healjier earder, op 27 oktober 1889, wie yn in herberch yn ’e Westhoek it earste lânarbeidersfakbûn fan Nederlân oprjochte, Broedertrouw. Yn it bestjoer siet neist foarsitter Germ van Tuinen en aksjelieder Jan Stap ek Jacob Willems Louwenaar (1852-1927), in omke fan myn oerpake fan memmekant Jan Louwenaar.… Lês fierder

Wout (10) wol graach skriuwer wurde

logo.ensafh

Wout wurdt grut yn in húshâlding dêr’t in protte foarlêzen wurdt. No hâldt Wout ek fan boeken lêzen. Mar sûnt syn fyfde, doe’t er letters op skoalle learde, skriuwt er sels boeken. Nûmer achttjin komt deroan.

Wout: ‘Ik begûn mei in ferhaaltsje oer Mûske Muis. Ik koe doe noch net sa goed skriuwe, mar tegearre mei mem makke ik myn earste boekje mei tekeningen. Der komme ek oare figueren yn it boekje foar, sa as Uilebuil, en Beertje. Beertje is ien fan myn knuffels en hat mar ien earm. Mar de kracht dy’t oars yn de earm sitten gongen wie, is no nei syn fuotten en nei syn brein streamd.… Lês fierder