Teleks: Fryske Akademy Skripsjepriis 2022-2024 foar Sannah Debreczeni

logo.ensafh

De Fryske Akademy Skripsjepriis 2022-2024 is takend oan Sannah Debreczeni. Debreczeni hat har masterskripsje, Exploring the Link Between Attitudes and Intelligibility in the Frisian Context: Introducing the Theory of Planned Behaviour, foltôge foar de oplieding Research Master Language & Cognition oan de Ryksuniversiteit Grins op 28 juny 2022. De priis bestiet út in oarkonde en in bedrach fan €1000,-.

Lês fierder by de Fryske AkademyLês fierder

Teleks: Fryske kultuer ferwachtet kealslach: “Sit gjin gedachte achter kabinetsplannen”

logo.ensafh

Yn de Fryske kulturele sektor is grutte noed oer de takomst. Der stiet in btw-ferheging op steapel en gemeenten ha minder jild beskikber foar kultuer. “We rinne twa ton mis.”
“We hawwe gjin spek mear op de bonken as kulturele organisaasjes”, seit Elly van der Goot. Sy is direkteur fan skouboarch De Lawei yn Drachten. De sektor hie it al net maklik: “We komme út de coronakrisis, der binne hege enerzjylesten en hegere leanen.”

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Dr. Obe Postmapriis 2024 foar Willem Schoorstra

logo.ensafh

De dr. Obe Postmapriis 2024 wurdt takend oan Willem Schoorstra foar syn boek De Poëtyske Edda. De priis wurdt 8 novimber útrikt troch deputearre Eke Folkerts en bestiet út 4.000 euro en in oarkonde.

De Edda is yn Yslân skreaun, yn de djippe midsiuwen, en befettet goade- en heldeferhalen yn dichtfoarm. Neffens de advyskommisje, besteande út Maaike Andringa, Marc van Oostendorp en Rein Smilde, hat Willem Schoorstra de Edda omset ‘yn in Frysk dat in goed midden hâldt tusken respekt foar de – somtiden tsjustere – oarspronklike tekst en it libbene karakter’. De poëtyske Edda is mei tal fan ferklearringen en in wiidweidige ynlieding neffens de advyskommisje net in tekst om lekker op it strân te lêzen, mar in boek dat om konsintraasje freget.… Lês fierder

Pier Bergsma: It fertutearzjen fan it Frysk; is de technologyske ‘redding nabij’?

logo.ensafh

Ien fan de nijsgjirrige wittenskiplike aktiviteiten fan de lêste jierren yn Fryslân is it wer iepenjen fan de Academia fan Frjentsjer. Dy waard oprjochte yn 1585, sletten troch Napoleon yn 1811, mar yn 2018 in nij libben jûn. Sûnt 13 maart fan dat jier wurde der yn de Botniastins oan de Breedeplaats fan Frjentsjer geregeld gearkomsten en lêzingen organisearre.

It is in gearwurkingsferbân tusken de Gemeente Waadhoeke, de Campus Fryslân fan de ryksuniversiteit Grins, de Protestantske Gemeente Frjentsjer en de Stichting Beheer Diaconale Goederen Franeker.

Lês fierder by GoeieLês fierder