Amper in moanne nei it ûndertekenjen fan de BFTK troch Ryk en Provinsje ha Provinsjale Steaten woansdei ynstimd mei in taakstellende besuniging fan 1,6 miljoen op taal en kultuer. Yn 2022 waard dy besuniging, dy’t noch net fierder spesifisearre wie, al opnaam yn de mearjierrebegrutting om de provinsje ek yn de takomst yn de swarte sifers te hâlden. Under lûd protest fan it fjild, dat him terjochte ôffrege hoe’t de provinsje oan ‘e iene kant ynsette woe op ambisjeuze BFTK-ûnderhannelings en oan de oare kant sels it mes yn de sektor stekke woe. Ek DINGtiid hat hjir destiids kritysk op reagearre en syn soargen der oer utere.… Lês fierder