Teleks: Suksesfolste Fryske Boekewike oait!

logo.ensafh

Suksesfolste Fryske Boekewike oait!

De Fryske Boekewike hat dit jier in rekôr brutsen: it kadoboek Oan ’e ein fan De Oere fan Anne-Goaitske Breteler is folslein útferkocht. Noch nea earder wie der sa’n grutte fraach nei it spesjaal útjûne Kadoboek.

It Kadoboek ferskynde yn in oplage fan 1.500 eksimplaren. Ida Heddema fan Boeken fan Fryslân: “It kadoboek wie healwei de Boekewike al hast útferkocht, en doe moast Anne-Goaitske noch trije lêzingen jaan. Boekhannels dy’t te min eksimplaren ynkocht hienen, moasten wy spitigernôch teloarstelle, want wy koenen net mear leverje.”

Ek Anita Schaaf fan Boekhannel Van der Velde yn Dokkum ûnderstreket it sukses: “Wy hawwe noch noait sa’n soad Fryske boeken ferkocht.Lês fierder

Kollum Arjan Hut: Knalreade neils

logo.ensafh

Nachts, ûnder it literêre festival op Skiermuontseach, kuierje myn oarehelte en ik troch de izige storein noch in slach om it doarp. Ut en troch komme der ploechjes minsken del, ûnderweis werom nei har waarme ferbliuw, en wy heine sinnen op as ‘Hij is een humeurige man, maar hij kan zó móói schrijven!’, of ‘Vanmorgen zat ik naast een man, die zei dat ’ie directeur was, in Leeuwarden, van de Aa-Ef-Uu-Kaa’.

Lês en sjoch fierder by GoeieLês fierder

Teleks: De Zinnenfabriek werom yn Ljouwert

logo.ensafh

De Zinnenfabriek komt freed 21 novimber werom nei Ljouwert en strykt dit jier foar it earst del yn dbieb. Yn ’e pop-up poëzywinkel kinne besikers tusken kant-en-kleare gedichten sneupe en in persoanlik gedicht meitsje litte. De winkel is oant en mei snein 7 desimber iepen en wurdt wer beheard troch Stedsdichter Marrit Jellema en har ploech fan wurdkeunstners.

Lês fierder by GoeieLês fierder

Poëzij Beart Oosterhaven: Deademansfeart

logo.ensafh

De Deademansfeart, noardwestlik fan Hitsum, hie de namme te tankjen oan it lyk fan in jonge man dat yn in skier ferline ris yn dy feart fûn wêze moat. Yn it ûndersteand gedicht ferbynt Beart Oosterhaven dat feit mei it wetter fan ’e baaikûp, dêr’t Jim Morrison yn Parys yn oantroffen waard. Fierder ferwiist ‘feart’ nei de koarte ‘reis’ troch it libben fan sawol de deademan by Hitsum as fan Jim Morrison.

Lês fierder by RIXTLês fierder

Wês net te sunich mei ferhâldingswurden

logo.ensafh

Wannear’t it krekt begûn is, wit ik net, mar de lêste jierren kom ik sa no en dan in apart soarte fan eigenskipswurden tsjin. Ik haw it oer bygelyks grûnbûn en bedriuwsrjochte. Wa’t net trochhat dat it oersettingen binne fan ‘grondgebonden’ en ‘bedrijfsgericht’, soe by grûnbûn tinke kinne dat it om in soarte fan ferbûn te rêden is en him by bedriuwsrjochte miskien ôffreegje oft der ek in bedriuwskromme bestiet. Grûnbûn mei dan in aardich foarbyld wêze fan in yn himsels rymjend wurd, mar beide wurden binne wat my oangiet misfoarmingen dy’t sa gau mooglik yn it ferjitterswurdboek moatte.

Lês fierder by Jan Breimer op Goeie… Lês fierder

Wetlands and wildlife in the Netherlands: slowing down and connecting with nature in Friesland

logo.ensafh

If there are times when the sights, smells and sounds of a new destination are best downed in a single, heady, flaming sambuca of a weekend, there are others when a more slow-drip pace is called for. Such is the case with De Alde Feanen, in Friesland. One of the most peaceful national parks in the Netherlands, this 4,000-hectare wetland slows down naturally after the summer season. Its waterways shrug off their summer flocks of kayakers, paddleboarders, boat trippers and terrace diners. Museums and galleries close. The local tourist office winds down. Even the park’s population of nesting storks fly south.… Lês fierder

Achter de skerms: Fedde Schurerlêzing 2025

logo.ensafh

Yn febrewaris hold Tresoar op mei de organisaasje fan de Fedde Schurerlêzing. Direkteur Arjen Dykstra fûn it te folle wurk en te djoer. Dat liet er witte oan de oare organisators. Ien dêrfan is de Ljouwerter Krante, dat it wie fuortendaliks grut nijs. DFB, de inisjator fan de Fedde Schurerlêzing hat yn ’e mande mei de oare partijen – de Ljouwerter Krante en de Fryske Akademy- besletten dochs om troch te setten.

Lês en sjoch fierder by Arjen J Dijkstra op Goeie… Lês fierder