Kollum Arjan Hut: Yn it tsjuster fan juster

logo.ensafh

Yn desimber ‘24 trof ik yn de tydlike Zinnenfabriek fan Ljouwerter stedsdichter Marrit Jellema twa jonge Flaamske dichters. Se sieten yn de bank foaroan yn it winkeltsje, oan in tafel mei krûdnuten en bekers waarme poeiermolke. Zindzi Tillot Owusu en Mona Thijs wiene nûge troch Explore the North, om tegearre mei twa lokale makkers in foarstelling te meitsjen foar it festival.

Lês fierder by GoeieLês fierder

Teleks: Rely Jorritsmapriisfraach 2026 iepensteld

logo.ensafh

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 72ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000.

De ynstjoertermyn slút 15 april o.s. Dat is in moanne earder as oare jierren.De sjuery bestiet dit jier út Gerbrich van der Meer, Reitze Jonkman en Yvonne Dijkstra.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en fiif ferhalen yn de Fryske taal.… Lês fierder

Hoe’t it lânskip dyn (Fryske) taal bepaalt: “Frysk yn Noard-Dútslân aardich te ferstean”

logo.ensafh

Se reizge de heale provinsje troch en bedarre sels yn Dútslân. Tjits van der Wal – Boersma gie foar it telefyzjeprogramma ‘Fier yn it rûn’ op syk nei har famyljeleden; leden fan de Fryske talefamylje.
Mar hoe kin it dat dy Fryske talen sa ferspraat binne en dat tusken dy gebieten yn soms hielendal gjin Frysk sprutsen wurdt?
De reis sit derop foar Tjits. Yn alve ôfleveringen sjocht se by likefolle farianten fan it Frysk om ‘e doar.
“Hartstikke boeiend”, seit de presintatrise. “Je sjogge oeral ferskillen, mar ek oerienkomsten. It is supernijsgjirrich om dat te ferlykjen. En oeral dêr’t ik kaam, fûnen minsken dat ek leuk, om elkoar as in soarte fan famyljeleden better kennen te learen.”… Lês fierder

Digtersprofiel: Ingrid Jonker

logo.ensafh

Ingrid Jonker, die tweede dogter van die skrywer en politikus Abraham H. Jonker en Beatrice (Cilliers) Jonker is op 19 September 1933, ʼn paar maande na haar ouers van mekaar vervreem is, op Douglas in die Noord-Kaap gebore. In die beëindiging van die verhouding bevraagteken haar vader sy ouerskap met betrekking tot die ongebore kind (Ingrid) wat later ʼn groot sielkundige effek op die digter sou hê. Toe Jonker ongeveer tien jaar oud was, sterf haar moeder. Soos wat met Jonker in 1961 sou gebeur, word haar moeder óók as psigiatriese pasiënt in Valkenburg behandel.

Lês fierder by VersindabaLês fierder