Fryske taalhelpwebsite tiidwurden.frl hat de mylpeal fan 10.000 tiidwurden oantikke. Dat binne der hiel wat, foaral ast betinkst dat de website noch gjin healjier yn de loft is. Betinker en tiidwurdentûsjasteling Henk Schaap is grutsk.
Schaap wennet sûnt in jier yn Fryslân. Hy komt fan West-Fryslân en wenne de ôfrûne jierren yn Amsterdam. Schaap hie al famylje yn Fryslân.
No’t syn pensjoen tichterby komt, woe er him graach wat mear yn de rêst bejaan. Dy rêst hat er fûn yn Drachten.
“Het woont heerlijk”, begjint Schaap. “Maar ja, de taal kende ik niet.”
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder