Op it grutte tsjerkhôf fan Boalsert sykje Marie Louise en ik om it lêste rêstplak fan Aggie van der Meer. De sinne batst genedeleas del, de loft strakblau, net in skaad te finen. “Hjir yn dizze hoeke moat it wêze”, pûstet sy. We ferpartsje dan mar it sykgebiet, elk in blok, en sa mar fierder. Under in wâld fan blommen sjoch ik har namme op in stiennen skaal: Agatha van der Klei. Der sit wetter yn de skaal, oeral bongelje holders. In flinter strykt del.
Lês fierder by Goeie… Lês fierder
…