Aginda 29-11-2025: Taalfoarum en presintaasje ‘Fier dyn eigen taal’

logo.ensafh

Op 29 novimber 2025 wurdt de nije dichtbondel Fier dyn eigen taal presinteard.
Iepening: Arno Brok, kommissaris fan ’e Koaning yn ’e Provinsje Fryslân,
dy’t it earste eksimplaar yn hannen krijt fan Margriet Brandsma.

Programma
10.30 Ynrinnerij
11.00 Yntro Margriet Brandsma
+ oanbieding 1ste eksimplaar dichtbondel oan Arno Brok, Kommissaris fan ’e Koaning yn Fryslân
11.10 Wurd fan ’e Kommissaris
11.20 Foardrachten Achterhooks, Bildts, Drèents
11.30 Fryske Dûnsers
11.40 Foardrachten Fering-Weesdring-Nuurdfresk, Frysk, Grunnegs
+ bern
12.00 Piter Wilkens, Nije Taalballade

12.15 Skoft, mei Groate Kerk-Hearlikheden

13.15 Foardrachten Hollâns, Limburchs, Plattdüütsch
13.25 Foarum
14.10 Fryske Dûnsers
14.20 Foardrachten Stellingwarfs, Tweants, Westfrois
14.30 Tankwurd
14.40 Utrinnerij en útpraterij
+ Fryske Dûnsers

Sjoch foar mear ynformaasje by Frysk en Frij

 … Lês fierder

Wêr bliuwe de froulju?

logo.ensafh

Hoe is it om jo te bejaan yn de Fryske literatuer, spesifyk foar froulju? Wêr komt de ynspiraasje wei, wat binne de hindernissen en binne de kânsen foar elkenien like grut? En hoe sit it eins mei de genderbalâns yn de Fryske poëzy? Wa’t har of him dat ôffreget moat de nije ynterviewbondel “Wêr bliuwe de froulju” lêze fan Janneke Spoelstra. Spoelstra ûnderfrege foar dy bondel tsien kollega-dichters. Se gie yn petear mei Aggie van der Meer, Ytje Hoekstra, Albertina Soepboer, Margryt Poortstra, Tine Bethlehem, Elske Kampen, Sigrid Kingma, Grytsje Schaaf, Lida Dykstra en Janna van der Meer. Haadredaktuer fan de Moanne Amarins Geveke wie op 12 novimber ll.… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: Sprookjesboek vol decemberzegels

logo.ensafh

Vandemorgen kon ik mien ni’je riebewies al van et gemientehuus haelen. Now kan ‘k weer vuuf jaor veuruut. Dat is een hiele tied en in die tied kan d’r een protte gebeuren. Mar ik bin bliede dat et now klaor is.

De ni’je decemberzegels bin d’r weer en die kuj’ now al bruken. Op ‘e zegels van dit jaor bin sprokies ofbeelded. Aj’ op zien minst twie vellegies bestellen/kopen kriej d’r een mooi boekien bi’j mit daor de sprokies in die op ‘e postzegels staon. Dat he’k dus drekt daon en vandemiddag kwam d’r een bussien langes mit mien pakkien.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Teleks: Twents woordenboek nu compleet online met Nederlands-Twents

logo.ensafh

Het grote digitale woordenboek Dialexicon Twents staat vanaf deze dag helemaal op www.twentswoordenboek.nl

Naast het eind vorig jaar verschenen deel Twents–Nederlands met zestigduizend trefwoorden en veertigduizend gebruiksvoorbeelden, is nu ook het vertaalwoordenboek Nederlands–Twents via internet te raadplegen. Daarmee is de complete basisversie wereldwijd toegankelijk op alle mogelijke systemen, dus ook gewoon op je telefoon.

Het Dialexicon Twents is een initiatief van de Enschedese uitgever en schrijver Goaitsen van der Vliet, die er ondertussen al meer dan dertig jaar aan heeft gewerkt.

Lês fierder by NeerlandistiekLês fierder

‘Kafees en hotels sûgje har fol wylde dichters’, literatuerfestival op Skiermûntseach

logo.ensafh
Fjoertuorren smite ljocht yn it rûn oer tsjuster lân. De perioade dêr flak foar, de skimer, is it tema fan ‘e fjirde edysje fan it literatuerfestival Meet me at the lighthouse op Skiermûntseach.
Skimer is de twiljochtsône tusken dei en nacht, mar ek tusken realiteit en fantasij. Dichter fan Fryslân, Arjan Hut iepenet it festival no tongersdei mei in nij gedicht. It festival duorret noch oant en mei snein.
Op Skiermûntseach
(Praktyske ynfo foar de Meet Me at the Lighthouse-gast)
Yn ‘e lytse kapel rûkt it nei hjerst en poëzy.
De kafees en hotels sûgje har fol wylde dichters,
mar dy nimme, alles sizzend, sa min mooglik romte yn.
Lês fierder

Brieven fan Nynke fan Hichtum en Piter Jelles Troelstra jouwe in oandwaanlik ynsjoch yn har húshâlding

logo.ensafh

School zonder tranen – Brieven van de familie Troelstra aan Paul Geheeb, 1904-1906 is gearstald troch Sieger Vreeling, dy’t yn 2024 en 2025 as Fellow fan Tresoar ûndersyk die nei Nynke fan Hichtum.

Yn syn ûndersyk lies Vreeling de brieven dy’t Sjoukje Bokma de Boer (Nynke fan Hichtum) en Piter Jelles Troelstra skreaunen oan de Dútske pedagooch Paul Geheeb, direkteur fan de foarútstribjende kostskoalle yn Haubinda dêr’t harren soan Jelle twa jier ferbleau.

‘Dy earme jonge,’ tocht Vreeling geregeld by it lêzen. ‘Dan bist in jier as trettjin en sitst op in jongeskostskoalle yn Dútslân. Fier fan hûs, kenst de taal net…’

Lês fierder by FrisistykLês fierder

Reitze Jonkman: Op syn nijer Frysk

logo.ensafh

Ynlieding

Yn 1956 is de earste grutskalige taaltel-enkête ferskynd oer de taalferhâldingen yn Fryslân: Boelens en Van der Veen, De taal van het schoolkind in Friesland. Cijfers en beschouwingen. Leeuwarden 1956. Histoarikus Oebele Vries, earder ferbûn oan it Frysk Ynstitút yn Grins en tsjintwurdich gastûndersiker by de Fryske Akademy, wit noch goed hoe’t dat ûndersyk by him op de legere skoalle yn Driezum ôfnommen waard. Hy siet doe yn de tredde klasse. Syn master frege de learlingen oft sy thús Frysk praten of wat oars. Alle 45 learlingen joegen neffens Boelens en Van der Veen harren rapportaazje ‘Frysk’ oan. ‘Ik wist dat de mem fan ien húshâlding Kollumers prate, mar dat is yn de opjefte fan Driezum net werom te finen.… Lês fierder