Teleks: Oant en mei 15 april noch ynstjoere foar de Rely Jorritsmapriis

logo.ensafh

Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant en mei 15 april syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro.

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan rely@stiftingflmd.frl

Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery, besteande út Gerbrich van der Meer, Reitze Jonkman en Yvonne Dijkstra.

Foar mear ynformaasje sjoch de webside www.stiftingflmd.frl

 … Lês fierder

Is ‘moeketaaldach’ in Frysk wurd?

logo.ensafh

Foarôfgeand oan de ynternasjonale memmetaaldei skreau Piter de Groot syn kollum Dwers foar in grut part yn it Liwwadders (LC, 20 febrewaris 2026). Dat makke wat prakkesaasjes yn my los.

Neffens guon soe Leewarders yn stee fan Liwwarders in bettere oantsjutting wêze, De Groot brûkt se beide, mar miskien is dat in kwestje fan smaak. Feit is wol dat it Ljouwerter stedsdialekt benammen in sprektaal is. Mar hoe moat it dan as we dy skriuwe wolle? Sûnt der in woardeboek is, sjocht foar in protte Ljouwerters harren taal der fierstente Frysk út mei al dy streekje- en stipkeboel. De letter y kin wol ‘gewoan’ as ie skreaun wurde, de ch is foar harren mar oerdreaun en de ea is net nedich, dy hat it Hollânsk ommers ek net.… Lês fierder

Myrte Marije Veenbaas: Septimber – diel 3: it kessen

logo.ensafh

Myrte Marije Veenbaas ferlear har mem yn de hjerst fan 2025, ien moanne nei de diagnoaze kanker. Yn de esseerige “septimber” op dit platfoarm, besiket se op ‘e nij betsjutting te jaan yn tiden fan ferlies.

 

30 septimber – fjouwer dagen foar de eutanasy

‘Slach dyn lilkens der op in boksbal út’, hat myn bêste freondinne sein. Om’t ik dy net haw, sit ik foar in kessen oer.

‘Goeie’, sis ik tsjin it kessen. Ik fiel neat, it moat in namme hawwe. ‘Goeie, kanker.’

 

Lês fierder by de MoanneLês fierder

Kan een computer dialect herkennen?

logo.ensafh

Kan een computer begrijpen of een zin Drents, Limburgs of Gronings is? Onderzoekers van het Meertens Instituut besloten die vraag serieus te nemen. Met behulp van meer dan duizend Nederlandse dialectromans en een slim getraind taalmodel laten ze zien dat kunstmatige intelligentie verrassend goed is in het herkennen van streektaal. Dat levert niet alleen technische, maar ook culturele inzichten op.

Lês fierder by NeerlandistiekLês fierder

Boek Willem Verf nu ook in het Nederlands

logo.ensafh

De Friese schrijver Willem Verf (1949) mocht op zaterdagmorgen 14 maart de Nederlandse vertaling presenteren van zijn vorig jaar geschreven Leafde yn Oarlochstiid (Ein Bratkartoffelverhältnis). Dat gebeurde in de Primera in het winkelcentrum in Damwâld waar eigenaar Wieger van der Weg zich een attente gastheer toonde. Verf werd voor deze gelegenheid geïnterviewd door journalist Rynk Bosma (1953).

Lês en sjoch fierder by RTV NoordoostLês fierder