Teleks: Keunst en Fryske gedichten fytsrûte ‘IIsbaan yn ‘e maaitiid’

logo.ensafh

Op 2 juny iepenet Lutz Jacobi de miny-eksposysje ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’ op it Gemeentekantoar fan Ljouwert. It is dêrmei ek de iepening fan de nije keunst-fytsrûte by tolve iisbanen lâns.

Lutz is foarsitter fan ‘Fietsplatform Nederland’, in organisaasje dy’t de belangen fan de rekreative fytser behertiget. In nije fytsrûte om it tema iisbanen hinne slút dêr goed by oan. De eksposysje bliuwt de hiele moanne juny sichtber en de rûtes fine jo yn it fergeze boekje ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’ en online fia www.iisbaankeunstrute.frl.

Gedichten, skilderijen en foto’s

Trije fytsrûtes, fan 98 kilometer, 68 kilometer en 56 kilometer, liede jo by tolve iisbanen yn Fryslân lâns.… Lês fierder

Oersetting Anne Sexton, Earste psalm

logo.ensafh

O jimme tongen

Earste psalm

Lit der in God wêze sa grut as in hichtesinne om jimme syn waarmte ta te laitsjen.

Lit der in ierde wêze yn de foarm fan in lispuzzel dy’t foar jimme allegearre lein wurde kin.

Lit der it tsjuster fan in tsjustere keamer út ’e djipte wêze. In wjirmekeamer.

Lit der in God wêze dy’t oan de ein fan in lange tinne piip ljocht sjocht en dat binnenlit.

Lit God harren in twaen diele.

Lit God syn Hoodsie diele.

 

Lês fierder by oersetter Klaas van der Hoek

Klikl hjir foar mear Anne Sexton-oersettingen troch Klaas van der Hoek… Lês fierder

Teleks: Syds Wiersma wint de Fryske SLAM!

logo.ensafh

Dichter, skriuwer Syds Wiersma krige justerjûn yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar de measte publyksstimmen yn de finale fan de Fryske SLAM! Dêrmei waard hy de bêste Poëzijslammer fan Fryslân. Jens de Vries waard twadde.

Foar Syds Wiersma wie it de earste kear dat er meidie oan in poêzij slamwedstriid: ‘It wie moai om yn de finale te stean en mei Jens te slammen. Wy reagearren goed op inoar. It wie hast magysk.’

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Aginda 02-06-2023: foto-útstalling Henk Kuiper mei boekpresintaasje Elmar Kuiper

logo.ensafh

Op freed 2 juny iepenet Tresoar yn Kafee De Gouden Leeuw in lytse útstalling mei portretten fan Fryske skriuwers, dy’t Henk Kuiper (1943-2005) yn de jierren ‘70 makke hat. By de iepening presintearret soan Elmar Kuiper syn nije dichtbondel Earthskin: in blomlêzing mei gedichten dy’t oerset binne nei it Ingelsk.

Ein 2020 krige Tresoar de foto’s en negativen mei portretten fan Fryske skriuwers en ôfbyldings fan Frysk-literêre barrens, makke troch Henk Kuiper yn de jierren 1973-1984. De literêre fotokolleksje fan Kuiper bestiet út sa’n 150 portretten, dêr’t no sa’n 30 fan tentoansteld wurde. Oer de portretten sei Kuiper yn in fraachpetear mei Douwe Kootstra yn De Strikel fan febrewaris 1983: ‘It moat goed lykjend wêze.… Lês fierder

Tresoar wol al syn midsiuwske hânskriften online: “Echt ferskuorrende moai”

logo.ensafh

In fyftichtal midsiuwske hânskriften fan Tresoar is tenei foar eltsenien online troch te blêdzjen. Se binne digitalisearre foar it projekt eCodicesNL. “It is echt ferskuorrende moai om te sjen”, seit Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar.
Yn Nederlân binne goed 90 ynstellingen dêr’t midsiuwske manuskripten bewarre wurde. It is in unike samling, fan grut belang foar de Europeeske, Nederlânske, mar ek Fryske skiednis en identiteit.
Parten fan de kolleksjes binne al online te finen, mar net allegearre en ek net byinoar op ien plak. It projekt eCodicesNL moat dêr feroaring yn bringe. Nei ynternasjonaal foarbyld is der in portaal opset om it erfgoed tagonklik te meitsjen.… Lês fierder

Teleks: By de 85ste jierdei fan Tine Bethlehem

logo.ensafh

Tine Bethlehem debutearre, as tweintichjierrige!, yn 1958 yn literêr tydskrift De Tsjerne, ûnder de namme Tineke Bethlehem, mei fiif gedichten.1
Se folge doedestiids, nei de ULO yn Akkrum, de Foarmingsklasse yn Ljouwert.
‘Minsken fan ’e Foarmingsklasse en minsken fan ’e kweek troffen inoar tusken de middei wol yn ’e lunchroom ’t Fêste Doel, op ’e stille kant fan ’e Nijstêd.’ En sy hie tsjin Tjitte Harings Piebenga sein: ‘Ik skriuw ek wolris in gedicht.’2
Dy gedichten stiene yn in skrift en hy stjoerde se nei de redaksje fan De Tsjerne. 3

Lês en sjoch fierder by Janneke Spoelstra op Tresoar… Lês fierder