As fjouwerjierrige skreau er in boekje oer fan Bert en Ernie. Tekst bliek Hindirk Hannema te fassinearjen. Ferline jier seach syn dichtbondel ‘Mijn moeder is nog maagd’ it libbensljocht. “Mei in soad wurden kinne je net folle sizze, en mei in hiel soad.”
Hindirk Hannema is bliid mei hoe’t it giet. Hy liedt neffens eigen sizzen ‘it dreamde libben’. En dat bestiet benammen út dichtsjen. De aktiviteit dêr’t er him de ôfrûne fjouwer jier monomaan mei dwaande hold. “Ik sit no op in punt yn myn karriêre dat ik it fiergeand profesjonalisearje wol. Ik gean foar agressive ekspânsje”, fertelt Hannema.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
