Dit wykein brocht de post ús in moai behindich bondeltsje mei fersen fan Eeltsje Hettinga (Te pearde, útjouwerij De Ryp). Yn dat bondeltsje stiet – dat kin hast net oars – it ferneamde fers De opblaasde dei.
De lêzer sil it net fergetten wêze. Yn 2017 mochten Ljouwert en Valetta kulturele haadstêd fan Europa wêze. De Maltezer jirpel spile de rol fan ferbinende skeakel tusken beide plakken. Fryske, Maltezer en oare gedichten waarden op brune jirpelpûden ôfprinte, en fansels ek bondele yn in boekje mei de titel Poetic Potatoes. In alderaardichst idee dat alderaardichste fersen opsmiet. Ik bedoel dat net iroanysk.… Lês fierder