It wie sa’n moai idee, doe’t ik mar net opknapte, om Luca mei Meia en Freerk, dy’t ik al hiel lang ken, as dieltiidhûn te hâlden. Yn de winters en as it kâld wie soe er by harren wêze en simmers by my om’t ik stekjes hie sadat er wol bûten wêze koe sûnder alle kearen de hort op te gean. In prachtich idee, mar it wurke net. Soe it op den doer dochs slagje kinne, of wie dat te folle mei minskegefoel tocht? Ik wist it net en mailde mei in jeugdfreon fan Johan dy’t Luca syn bistedokter west hie en no mei pinsjoen.… Lês fierder