Op De Lemmer is freed foar it earst in Lemsters Diktee. Eltsenien dy’t de kennis oer de streektaal wat byspikerje wol, is yn de biblioteek útnûge. Want dat is it doel fan it diktee: omtinken foar de streektaal, dy’t net ferdwine mei.
‘Köle’, ‘disörder’ en ‘skunnen’. It binne wurden dy’t in grut part fan de Friezen net kenne sil. Mar ‘sufferd’, ‘wanorde’ en ‘schoenen’ klinke de measten wol bekend yn de earen. It Lemsters is in streektaal dêr’t noch net sa hiel lang omtinken foar is.
Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder