Direkteur Arjen Dijkstra fan Tresoar is bliid mei de oanstelling fan Arjen Versloot as nije heechlearaar Frysk, mar hâldt wol in “hiel akelich gefoel” oer oan de situaasje. Hy mocht him nei eigen sizzen net mear útsprekke oer de kwestje, dat docht er no wol.
Ferline jier hie Dijkstra tegearre mei wittenskippers en skriuwers yn in iepen brief fûle krityk op it belied fan de universiteit om gjin folweardige heechlearaar oan te stellen. De misje fan de groep is neffens Dijkstra slagge: “Ik bin hartstikke bliid mei Arjen Versloot en dat wy fierder kinne. Mar, en ik praat no foar mysels en net foar dy fjirtich minsken, it wie echt hiel akelich en dat is it altiten noch.”… Lês fierder