Wat docht de RuG mei ‘ús jild’?
It Frysk akademysk ûnderwiis stiet ûnder gigantyske druk. De heechleararen Frysk yn Amsterdam en Leien koenen wol fuort en yn Grins begûn de ferskraling fan it universitêre Frysk mei it opheffen fan de iennichste universitêre stúdzje Frysk yn Nederlân. No stiet ek de lêste heechlearaarstoel op ’e wip. En dat wylst de Provinsje Fryslân der alle jierren wol subsydzje foar jout. Wat docht de Universiteit fan Grins mei ús belestingjild? Dat wol de Jongfryske Mienskip witte.
De Jongfryske Mienskip wol dat de Universiteit fan Grins wurk makket fan in folsleine leartstoel Frysk en dêrby de rie fan Goffe Jensma opfolget.… Lês fierder