Teleks: Audio-opnames Operaesje Fers online

logo.ensafh

Tresoar en it Frysk Film & Audio Argyf sette in grut part fan de audio-opnames fan Operaesje Fers wer online. It opnij beskikber stellen fan dizze ferneamde dichterskolleksje wurdt op de lanlike Gedichtedei (tongersdei 26 jannewaris) feestlik fierd yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar. Meindert Bylsma, ien fan de trije dichters dy’t yn 1968 it inisjatyf namen ta Operaesje Fers, sil ynterviewd wurde en guon gedichten út dy tiid foardrage. Willem Abma is der ek en sil ynterviewd wurde. Fan him sitte der mear as hûndert gedichten yn de kolleksje fan Operaesje FersFierders treedt in jonge garde dichters op, oansletten by de dichterskollektiven RIXT en Dichter Bij Leeuwarden.… Lês fierder

Blog Ferdinand de Jong: Wêr is de humor yn Fryslân bleaun?

logo.ensafh

It wie oan de ein fan in waarme middei yn de neisimmer doe’t myn frou en ik fan it strân nei ús hotelkeamer rûnen. Flak foar it doarp stie oan de rjochterkant op in parkearplak in feesttinte. Doe’t wy der del kuieren, hearden wy it kraaiende lûd fan in frou dy’t hast net mear bykaam fan it laitsjen. It wurket mei laitsjen sa dat as je ien laitsjen hearre, josels faak ek in glimke net ûnderdrukke kinne. Sjoch mar ris nei filmkes fan laitsjende lytse poppen, it duorret mar even en jo laitsje mei.

Dizze feesttinte stie oan de râne fan Nes, op it Amelân.… Lês fierder

Kollum Gerard de Jong: Mingelmoes

logo.ensafh

Fleden week ston ik met ’n mooi intervjoe in ‘Trouw’, over myn boek Blau fan dagen, griis fan ônrust in ’t Bildts. De skriifster, Karin de Mik, appte mij dat de weerslag fan ôns gesprek in desimber d’r nou in ston, al waar se met de kop niet soa gelukkig. De internetredaksy had d’r online ‘n ândere kop boven set as in de pepieren ferzy.

‘Roman in mengelmoes van Fries en Nederlands’. Ik waar ‘t met Karin eens. Sels sou ik ‘t niet in ‘t hoofd hale ‘n streek- of mingtaal ‘n ‘mengelmoes’ te noemen. Ik kon d’r moeilik echt lilk om worre, omdat ‘t mij niet meer ferbaast.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: 6. Opkomst en tebekgong fan it Hollânsk

logo.ensafh

– Dus it Hollânsk ûntstie boppe op it Frysk dat der oant dan ta yn it greefskip Hollân praat waard? Hoe giet soks yn syn wurk, master?

– Dat gong doedestiids noch wakker stadich, Trycke, troch de wei fan ynterferinsje. Ynterferinsje is ûnderlinge beynfloeding, yn dut gefal fan talen. As de measte lju in útdrukking út in oare taal oernimme, wurdt soks gewoan … en rillegau de nije noarm.

– Wannear is dat begûn, master?

Lês fierder by Jaap Slager

 … Lês fierder

Teleks: Oersetter en skriuwer Harke Bremer (67) ferstoarn

logo.ensafh

Oersetter en skriuwer Harke Bremer is ferline wike tongersdei yn syn wenplak Kampen ferstoarn. Hy is 67 jier wurden.

Yn ‘e mande mei syn stúdzjemaat Jarich Hoekstra sette er yn ‘e jierren santich Asterix de Galjer oer, letter folge in hiele rige oare stripboeken. Neist in oantal Asterix-albums ferfrysken se fiif boeken fan Pieter H. Kuhn oer Kaptein Rob en tolve Tom Poes-boeken fan Marten Toonder.

Benammen yn dy lêste rige foel de grutte taalrykdom en kreativiteit fan it duo op. It slagge harren alle kearen wer om it eptige idioom fan Toonder yn hiel eigen Frysk oer te setten. De ferneamde stoplape fan Bommel ‘als je begrijpt wat ik bedoel’ waard by harren ‘dêr’t ik sa’n wurd om sis’.… Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: Sneker Filmwinter

logo.ensafh

Donderdach anstaande mach ik de Sneker Filmwinter opene. ‘Hestou dêr ok al ferstaan fan?’ Ik beantwoardde bovenstaande fraach met: ‘Ik hew der gyn ballen ferstaan fan!’ Mar ik kan ok gyn eiers lêge. Ik bin gyn kyp, mar dêrom fyn ik un sachtkookt eike op un stukje roggebroad wel lekker.
Ger de Boer en Klaus Boonstra al sinds jaar en dach de groate stimulatòrs fan de Sneker Filmwinter froegen mij un antal maanden leden òf ik de openingsspeech foar myn rekening nimme wú. At sukke entûsiastelingen dy frage dan sêge je nyt fan ‘nee’. Klaar.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder