Ynstjoerd Kerst Huisman: De Fryske identiteit is iuwenâld en is net provinsjaalsk

logo.ensafh

De âld Ljouwerter is sa stadichoan hielendal troch de stront hinne sakke. Wat in oare krant is it wurden, dit blêd, dat noch altiten mient de pretinsjeuze titel “Hoofdblad van Friesland” fiere te meien. It earste it bêste suffertsje docht it sa stadichoan better. It stik hat al yn it Dagblad van het Noorden stien, no hat it Âld Wiif (sa neamden de readen yn Fryslân ea de LC) it ek: it ferhaal fan de my oant dizze wike ta folslein ûnbekende skriuwer Gerard Stout út Peize.

Dat leit in Drinte, en dêr skine se in soarte fan provinsjale dialektstridersferiening te hawwen.… Lês fierder

Teleks: Lêste skoaloptreden Lida Dijkstra as Berneboeke-ambassadeur

logo.ensafh

Nei 153 skoaloptredens troch hiel Fryslân, fersoarge Lida Dijkstra hjoed har lêste skoaloptreden as Berneboeke-ambassadeur op op sbû ‘De Súdwester’ yn Snits. Gemeente Súdwest-Fryslân en de Afûk ferrasten har yn it skoft mei in bosk blommen en wat lekkers foar de hele skoalle om koart stil te stean by it sukses fan har wurk as Berneboeke-ambassadeur de ôfrûne trije jier.

Lês fierder by Boeken fan FryslânLês fierder