Henk Wolf: Nederlânsk-Fryske wurdlist útwreide

logo.ensafh

 

Op dizze website hâld ik al withoelang in wurdlist by mei suggestjes foar it oersetten fan Nederlânske begripen yn it Frysk. De foarbije moannen haw ik de list in moai stikje útwreide mei wurden dy’t ik yn boeken, yn it praat fan minsken om my hinne of yn neislachwurken tsjinkaam bin. As ik Word leauwe mei, steane der no 2.563 Nederlânske begripen mei oersetideeën yn.

Lês fierder by Henk WolfLês fierder

Teleks: Heechlearaar Goffe Jensma pleitet op syn ôfskie foar better Frysk skriuwûnderwiis

logo.ensafh

Folle mear Friezen soene it Frysk skriuwen op skoalle leare moatte. Dêrfoar pleite heechlearaar Frysk Goffe Jensma woansdeitejûn by syn ôfskie yn it Ljouwerter Provinsjehûs.
“In soad Friezen hawwe in Nederlânsk wurdboek yn ‘e holle”, seit Jensma. “Omdat se op skoalle wol Nederlânsk skriuwen leard ha, mar gjin Frysk.” It gefolch dêrfan is dat de kwaliteit fan it sprutsen Frysk ek ûnder druk komt te stean troch Hollânske ynslûpsels.
“Wat je dan krije is ‘language insecurity’, taalûnsekerheid”, stelt Jensma. “As minsken in wurd net wite, pakke se it Nederlânske wurd en net it Fryske. Se sille dan earder ‘overhemd’ sizze as boesgroen of oerhimd.”… Lês fierder

Teleks: Ferhalewedstriid ‘Ut ’e bocht’

logo.ensafh

 

 

Ferhalewedstriid ‘Ut ’e bocht’

Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan de BoekWinterBoek-ferhalejûn dy’t op freed 10 febrewaris om 20.00 oere yn kafee De Bogt fen Guné yn Frjentsjer holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan op syn meast 1.000 wurden te skriuwen op it tema ‘Ut ’e bocht’. Ferhalen meie yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen oanlevere wurde.

De winner wurdt op de BoekWinterBoek-ferhalejûn yn Frjentsjer bekend makke en mei syn/har ferhaal foardrage foar it publyk. Dat betsjut fuortendaliks in live-optreden tusken de skriuwers fan dizze jûn: Anne Feddema, Koos Tiemersma, Sietse de Vries, Willem Schoorstra en Hylke Speerstra.… Lês fierder

Teleks: Oprop foar de Skriuwersarke

logo.ensafh

Takom jier sil de arke dy’t earder taheard hat oan skriuwer Rink van der Velde (1932-2001) wer beskikber wêze foar in skriuwer of dichter dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân. (Foar Hollânsktalich wurk wurdt troch it Nederlands Letterenfonds it Roland Holsthûs yn Bergen, Noard-Hollân beskikber steld.) De arke leit yn in petgat oan de Drachtster Heawei tusken De Wylgen en De Feanhoop.

Skriuwers of dichters dy’t noch net earder yn totaal seis wiken yn de arke oan it wurk west hawwe, kinne oanjaan hokker wiken (net mear as seis) hja nei de arke ta wolle.… Lês fierder

The Waste Land: A Biography of a Poem by Matthew Hollis review – a classic laid bare

logo.ensafh

A century ago, a man with a double life published one of the most celebrated, anthologised and dissected poems in English literature. TS Eliot spent six days a week at the offices of Lloyds bank and crammed the business of poetry and literary criticism into the evenings and Sundays. This allowed him to write The Waste Land, a densely allusive work that drew on Ovid, Dante, Shakespeare, Jacobean tragedy, tarot and the Upanishads to create a dazzling portrait of both the ruins of postwar Europe and the inner alienation of modernity. But it was not, as Matthew Hollis’s captivatingly exhaustive “biography of a poem” demonstrates, a work conceived or executed in isolation; and chief among Eliot’s enablers were his wife, Vivien, and his fellow poet and indefatigable literary fixer, Ezra Pound, who looms almost as large in the book as does Eliot himself.… Lês fierder