Wêr binne se bleaun, de smoute ferhalefertellers, de printeboeken, de ûnbefongen praatsjemakkers en swetsersbazen ûnder it wurkfolk, de natuertalinten dy’t foar de fûst wei alderhande foarfallen o sa smout ferhelje kinne? Wêr binne se bedarre, de grapmakkers, dy’t ta divedaasje fan alle oaren ûnder it skoftsjen yn ’e keet tsjin de ûnnoazelsma’s út ús fermidden oanmige koene sûnder in spier te ferlûken?
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder