‘De Reade Bwarre’ troch Trinus Riemersma waard by ferskining troch guon sjoen as in hichtepunt yn de Fryske literatuer. Mar in soad minsken koene it boek net lêze fanwege de ôfwikende stavering. No komt der in ferzje út yn it Standertfrysk, plus in biografy fan de skriuwer.
Doeke Sijens hat de biografy fan Trinus Riemersma skreaun en skriuwster Jetske Bilker hat de omstaving ta ‘De Reade Boarre’ foar har rekken naam. Beide boeken steane sintraal op in spesjale Trinus Riemersmadei op 22 oktober yn Frjentsjer, organisearre troch de Akademy fan Frjentsjer.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder