Kollum Arjan Hut: Wylde ierdbeien

logo.ensafh

By Tresoar liende ik in boek fan Willem Tsjerkstra oer John F. Kennedy. De presidint waard yn 1963 fermoarde, en ik frege my ôf oft der doedestiids ek oer skreaun is, troch Fryske dichters, in ‘in memoriam’ bygelyks. Spitigernôch koe ik sa hurd neat fine. Wol in artikel fan Inne de Jong, yn in Tsjerne fan 1964, oer Súd-Afrika. Hy set de polityk fan JFK ôf tsjin de apartheid:

Lês fierder by GoeieLês fierder

Aginda 29-01-2026: Gedichte-aven in St.-Anne

logo.ensafh

Op donderdeg 29 jannewary 2026 om 19.30 uur fynt in de bibletheek fan St.-Anne de jaarlikse gedichte-aven plak. Foor jong en oud! Wille jim ’n gedicht foordrage, dan kinne jim jim anmelde fia info@bildtsaigene.nl. Geef dan ok even deur hoe’t ’t gedicht hyt en wie’t ’t skreven het. Opgeve kin ok deur te bellen na 06-45657383 of kom even in de bibletheek del.

Sjoch foar mear ynformaasje by ELBTLês fierder

Teleks: Regelingen Fryske literatuer 2026

logo.ensafh

Alle regelingen foar Fryske literatuer stean wer iepen foar oanfragen

Oanfragen kinne dien wurde fia Digi-D en foar bedriuwen, Ferienings en Stichtingen mei E-herkenning.

Yn it koart it oersjoch mei de regelingen – per regeling it beslút fan de iepenstellingstermyn en it plafondbedrach. Regeling skriuwen en de regeling foar oersetten is ek foar Frysk toniel beskikber.

Regelingen foar Iepenloftspullen en ynternasjonale útwikseling gean febrewaris en maart iepen; sjoch website regelingen foar subsydzjes Frysk.

 

Boarne: Provinsje FryslânLês fierder

Blog Lomme en Jan Schokker: Tsjerken

logo.ensafh

Hoe is it mooglik, dy aparte ûnderfining ha ik sels ek by tsjerken. Yn Fryslân hawwe wy fansels peareltsjes fan tsjerken, de iene noch âlder en moaier as de oare. Hjir rûnom Aldhoarne is der ek in behoarlik tal. In bytsje doarp hat sa’n monumintale tsjerke, lokkich de measte behoarlik sober fan aard sûnder al tefolle babbelegûchjes. Faak stean se pontifikaal midden yn it sintrum of in bytsje op ’e hichte lykas yn de Himrik of moai ferskûle tusken it grien, bygelyks yn Olterterp en Jobbegea-Skuorregea. Geweldige gebouwen dy’t wy allegearre beskermje moatte.

Lês fierder by Lomme en Jan SchokkerLês fierder

Kollum Gabrielle Terpstra: In nij jier, mar net sa hurd

logo.ensafh

In nij jier betsjut faak nije foarnimmens. Minsken wolle ynienen ôffalle, begjinne mei hurddraven of sûner ite. Dat binne fansels prima plannen, mar om dêr no krekt midden yn ’e winter mei te begjinnen; wylst der snie leit en dyn lichem al genôch enerzjy ferbrûkt om waarm te bliuwen, dat wit ik net. As wy nei ús biologysk ritme sjogge, is de winter earder in tiid fan rêst. Nije doelen kinne eins better yn ’e maitiid begjinne. Al kin in bytsje regelmjittichheid en beweging fansels nea kwea.

Lês fierder by GoeieLês fierder