Under de namme Sample Text hat Pieter Zijlstra lêsten syn album ‘Gysbert’ presintearre. De jonge Koudumer brûkt bewust de Fryske taal. “Ik wol myn stientsje oan Fryske hiphop bydrage.”
Yn it Ljouwerter poppoadium Neushoorn wie de presintaasje. “It wie in moai feestje mei 150 man. Neist famylje en freonen wienen der ek minsken dy’t ik net koe. Der wie in jonge by fan in jier as tolve of fjirtjin en dy koe al myn teksten. Der binne dus minsken dy’t myn muzyk draaie dy’t ik net sels ken. Dat is in gek gefoel.”
Yn 2018 skreau Zijlstra syn earste nûmer oait, en dat die er fuort yn it Frysk.… Lês fierder