Der leit in lekkere, soele tekken fan lok oer my hinne. It sil de simmerwaarmte wol wêze. It bringt my in kalmte en in pierewaaiende soargeleazens dêr’t ik sûnt lang net mear oan wend bin. Neat giet my troch de hannen, it fielt as in skoalfakânsje fan fyftich jier lyn. Dizze dagen binne leech fan moatten, mar fol fan saken dy’t tusken de bedriuwen troch derta dogge. Sa fyts ik moarns nei de Tsjongerslûs, sjit foto’s fan it ferstille ljocht en folgje it iuwenâlde rivierke tsjin de stream yn. It fytspaad lâns by de brêge omheech meitsje ik nochris in byld.… Lês fierder