Wy ha wat bysûnders dien hjoed. Om seis oere moarns wienen we al wekker om oan in spesjale waadrintocht mei te dwaan. Dat sit sa. Ik waard frege oft ik de petysje stypje woe mei in gedicht sadat mear minsken witte soenen fan de ferdwinende kwelder by Wierum. Doe ha ik earlik bekend dat ik gjin ferstân fan kwelders ha, en dat by myn witten it waad altyd yn feroaring is. De arguminten oer kultuerhistoaryske wearde en de rekreaasjemooglikheid fan de lokale befolking wienen foar my gjin reden om my hurd te meitsjen foar in saak dy’t ik net fan tichtby besjoen hie.… Lês fierder