Blog Johan Veenstra: Iisbaan yn ‘e maaitiid

logo.ensafh

Een peer jaor leden he’k mitdaon an et grote projekt Iisbaan yn ‘e maaitiid. Now ja, et zol een groot projekt wodden, mar doe kwam corona dat zovule overhoop haeld het. D’r zol een boek kommen, een tentoonstelling, aovens mit veurdrachten, bustochten deur de perveensie… Dat boek is d’r wel kommen. Een prachtig uutvoerd boek dat uutgeven wodde deur uutgeveri’je Louise in Grou. Een boek mit wark van elf dichters in et Fries, Snekers, Bildts en Stellingwarfs. Butendat staon d’r foto’s van iesbaenen in van Baukje Venema en schilderi’jen van Hendrik Elings.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Kollum Jan Schokker: Murdejachtfûgel

logo.ensafh

It wie in mystearje. Fan it begjin ôf oan hong der in penetrante, goare stank yn ’e hal fan it hûs yn Nijhoarne dat wy net sa lang lyn kocht hiene. Earst tochten wy dat it kaam trochdat it in hiel skoft net bewenne west hie. De stank wie trouwens net altyd like slim en ûnder de ferbouwing troch bemong de lucht him moai mei de frisse swietrook fan saus, ferve en sitroenryk skjinmakkersguod. Under de flier ûntduts ik wol in ôfknapte ôffier. Ik tocht doe noch dat it euvel wol oplost wêze soe as de rook fan jarre him ta stik- of fynstof fertinje soe, mar nee, it stjonken bleau hingjen en it mystearje allyksa.… Lês fierder

Willem Schoorstra: Jou it Fryske ferline takomst

logo.ensafh

De Fryske skiednis wurdt marzjinalisearre, de ynwenners fan Fryslân hawwe gjin stim en witte amper wat fan de eigen skiednis. Skriuwer Willem Schoorstra ropt de steat én de Friezen op, om it Fryske ferhaal te fertellen. Want ferhalen jouwe it libben wearde. Hy skreaun dizze tekst yn it ramt fan it projekt Tiidmasine.

tekst Willem Schoorstra

Alles draait om ferhalen. Ferhalen binne like fûneminteel foar de minske as iten en drinken. Miskien noch fûneminteler, want iten en drinken hâlde ús yn libben, mar ferhalen jouwe dat libben wearde. Dy meitsje ús ta wa’t wy binne, foarmje ús identiteit troch ús in achtergrûn te jaan, in skiednis.… Lês fierder

Kyk ’s wat ik fon op ’e sôlder (1)

logo.ensafh

In de achterkamertsys fan ôns argyf fonnen wij lessen allegaar opstellen die’t ooit skreven binne foor ’t eksamen Bildts. Dat waar ’n heerlike ferrassing. En dan prate wij over opstellen die’t soms wel dartig jaar oud binne. Der mosten wij fansels wat met doen. En dat doen wij ok. Wij hewwe d’r foor koazen om ’t opstel soa te laten soa’t ’t oorspronklik skreven is. Hierbij ’t opstel fan Dirk A. Reitsma.

Lês fierder by Jan de Groot op Stichting Bildts Aigene… Lês fierder

Teleks: DINGtiid uteret soargen oer besunigings

logo.ensafh

DINGtiid uteret soargen yn brief oan DS oer oankundige grutskalige besunigings op Fryske taal en kultuer

Koartlyn ha Deputearre Steaten grutskalige besunigings fan 2025 ôf oankundige. Foar Fryske taal en kultuer giet it om 1,6 miljoen it jier op strukturele middels, dy’t no 10,3 miljoen berinne.

DINGtiid tidiget derop dat Deputearre Steaten taljochtsje hoe’t hja tinke de besunigings útfiere te kinnen sûnder de takomst fan de taal skea te dwaan, en mei dy taljochting net te wachtsjen oant it steatedebat oer de begrutting foar 2023, it jier dêr’t Ryk en Provinsje in nije BFTK yn ûntwerpe sille, foar de perioade 2024-2028.… Lês fierder

Fideo oer Sealterfryske taalorganisaasje Seelter Buund

logo.ensafh

Ien fan de warberste organisaasjes foar de Fryske taal yn Dútslân is it Sealter Bûn, of yn it Frysk fan Sealterlân: Seelter Buund. Fan de likernôch 1500 sprekkers fan it Sealterfrysk binne sa’n 300 lid fan de organisaasje. Dy organisearret kulturele aktiviteiten, jout kursussen Frysk en stipet frijwilligers dy’t Fryske les jouwe op pjutteboartersplakken.

Lês en sjoch fierder by It NijsLês fierder