Kollum Gerard de Jong: Onrust

logo.ensafh

De berichys flogen over en weer, in ferskillende app-groepen met frynden en werkrelasys, doe’t de prevînsy bekindmaakte dat se foor € 7.2 miljoen ’t mes in de aigen begroating sette. De swaarst troffen post is – quelle surprise – taal en kultuur. Fan 2025 ôf wort d’r jaarliks 1.6 miljoen euro op kort. Onrust.

D’r is gyn goeie menier om besúnnigings an te kondigen, maar al ’n hele minne menier. Soa-as hier. Wêrom 1.6 miljoen euro, en niet de helft, of ’t dubbele? Wie wort troffen, wie blyft bútten skot? ’t Is niet dúdlik; inkeld wete wij dat de keesskaaf d’r ’n dik plak ôfskraapt.… Lês fierder

Liuwe H. Westra – Biografy Tony Feitsma: Ried en striid

logo.ensafh

De biografy fan Tony Feitsma is net allinnich it ferhaal fan in wittenskipper (dêroer in oare kear wer) mar ek fan in beweger. Dy twa wiene foar har ek wêzentlik ferbûn. Mei de dingen dy’t se as wittenskipper útsocht, woe Tony de beweging fierder helpe. En oarsom makke se fan de Fryske beweging ek in ûnderwerp fan wittenskiplike stúdzje. Mar it wie net allinnich de ferbining tusken wittenskip en beweging, it wie foar Tony ek de beweging sels dêr’t se net sûnder koe. Sa gau as it kin, wurdt se lid fan it Boun fan Frysk-Nasjonale Jongerein: yn jannewaris 1944, as se santjin wurdt, de minimumleeftyd foar it lidmaatskip.… Lês fierder

Aginda 11-06-2022: Boekpresintaasje ‘Minym ferweech / Minieme gebaren’, gedichten fan Peter van Lier

logo.ensafh

‘Wês om 11.00 oere wolkom yn de boekwinkel fan de Afûk foar de boekpresintaasje fan Minym ferweech / Minieme gebaren. Om 11.15 oere set de presintaasje útein mei in wolkomstwurd fan Ernst Bruinsma. Dêrnei is it wurd oan Peter van Lier, dy’t fertelle sil oer syn bân mei Fryslân en oer hoe’t it lânskip syn gedichten beynfloedet.’

Sjoch foar mear ynformaasje by de AfûkLês fierder