Blog Johan Veenstra: De lavendeltuin

logo.ensafh

Ik hebbe de roman De lavendeltuin van Lucinda Riley lezen. Eerder ha’k van heur al de roman De olijfboom lezen. Dat vun ik een prachtig boek en dit boek is al lieke prachtig. Et is et verhael over een aodellike femilie, een kesteel en verburgen femiliegeheimen. As dat niet spannend is! Nao de dood van heur moeder arft Emilie de la Martinières et femiliekesteel an de zunnige Côte d’Azur. Mar an et huus kleven hoge schulden en geheimen. Welke rolle hebben heur veuroolden speult in de Twiede Wereldoorlog?

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Poëzij Wobbe Atsma: frede

logo.ensafh

 

 

 

In Gedicht

Soms klinkt in gedicht as muzyk
yn de earen mei in meldij
dy’t it tinken suver ferlichtet,
of do hearst in smertlike serenade
foar in ûnberikbere leafde
út it djipst fan in mankelyk hert.

Soms lêst in gedicht as in roman
oer meislepende minskelibbens
yn in fier lân dêr’t it oarloch is
en in gedicht liket ek wol ris wat
op in skokkende dokumintêre
dy’t fol oangripende bylden sit.

Lês fierder by Wobbe AtsmaLês fierder

Aginda 22-05-2022: It Literêr Sirkwy yn Burdaard

logo.ensafh

Frysk Dichterskollektyf RIXT en Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, organisearje mei-inoar in poëtyske middei yn de rige It Literêr Sirkwy. Dat sil heve yn it multyfunksjoneel sintrum It Spektrum te Burdaard op sneintemiddei 22 maaie 2022 om 15:00 oere.

De optredende dichters hawwe it positive tema ‘De loft is blau fan dagen’ meikrigen. Dy middeis bringe Janneke Spoelstra, Ina Schroders-Zeeders, Mark Spijkers en Geart Tigchelaar harren dichtwurk op it poadium. It duo I Due Cognati wikselet de poëzy ôf mei muzyk en sy litte harren klanken ynspirearje op ’e wurden fan de dichters.

Oan ’e ein fan de middei is der in iepen poadium.… Lês fierder

Blog Ferdinand de Jong: Swarte snie

logo.ensafh

Op fiif maaie 2016 stapte ik op fleanfjild Domododevo yn in tastel fan Lufthansa. Op it momint dat we los fan de grûn kamen, wie der daliks it besef dat ik in ‘once in a lifetime’ reis meimakke hie. Dat ik nije freonen kennen learde, bliid wie mei it sjen fan in filiaal fan de Subway en dat ik yn itselde hotel sliept hie as de presidint fan Ruslân. Dat ik op plakken west hie dêr’t nea in Fries in stap sette sil. Dat der in fantastysk museum oan de igge fan de machtige Jenisej allinnich foar my de doarren iepen die en ik troch de direkteur fan de noardlikste iishal fan de wrâld as in freon ûntfongen waard en hy der op stie dat ik in iishockey-toernoai iepenje soe.… Lês fierder