Kollum Liuwe H. Westra: ‘Iedereen, buitengesloten, halsstarrig’? Sander Warmerdam: trije kear mis!

logo.ensafh

Opmerkings fan in taalkundige

Op it ôfrûne Sieperda Symposium op 8 april wie frijwat opskuor troch útspraken oer it brûken fan it Frysk op Omrop Fryslân. Dat karakterisearre Sander Warmerdam as ‘halsstarrig’. Hy fûn, dêrtroch waarden minsken ‘buitengesloten’. Hy hie ek in oplossing: brûk mear Hollânsk, dan soe ‘iedereen’ it begripe kinne.

Los fan ’e diskusje oer de fiertaal fan ’e Omrop wol ik graach omtinken freegje foar it gebrûk fan dy wurden. Mei wurden kinne jo dingen yn in beskaat ljocht sette. Tsjintwurdich hjit dat ‘framing’, mar it ferskynsel is sa âld as it minskdom. Framing hoecht op himsels net ferkeard te wêzen.… Lês fierder

Kollum Jan Schokker: Brûsfûgel

logo.ensafh

‘It is in moaie maitiidsdei. Wim stiet by syn skiep, der is ommers altyd wat te sjen. Twa lamkes moat er drinke litte, mar oars giet it dêr yn it Leechlân sa’t it gewoanwei gean moatte soe. Efkes letter is it krekt as ferstapt Wim him yn it stikje grûn dêr’t niis nije beamkes plante binne. Wim, lykwols, hat him net ferstapt. Hy falt samar om. It hert wol net langer mear.’

Sa likernôch iepene de sprekster de tsjinst ta oantinken oan in neef fan de frou. Se hie moaie ferhalen oer Wim, yn it bygeboutsje fan de tsjerke fan Warten.… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: In triuwke yn de rêch

logo.ensafh

Op de tillefoan stean trije miste oproppen, twa gedichten yn ôfwachting fan goedkarring en in app foar it learen fan Italjaansk. Dat lêste is grif net sa’n ferrassing. Grappich dat myn fakânsjeplannen al online stean foardat ik in datum trochkrigen ha. Ik moat der noch hieltyd oan wenne om sa faak yn it nijs te wêzen. Oant no ta binne it positive dingen, mar it is fansels in kwestje fan tiid dat der wat misgiet. Sjoen myn aginda is it in wûnder dat it noch goed giet. Allinnich tiisdei hie ik in dûbele plenning, de earste fan it jier.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Blog Henk van der Veer: Binnen & Búten

logo.ensafh

Soms binne der dagen dat ik binnen sit. Op’e stoël, achter ut toetsebòrd. Tikke om ut leven. Goëd begripe, nyt mear OM te leven. Mar ut is wel myn leven: ferhalen en interviews skriëve. Ok regelmatech fersen.

Fandaach was su’n dach. Gewoan sitten gaan en der mar plat foar. Inspirasy hew ik niks met, dat is poëtys kulpraat. Je mutte gewoan de letters, de woarden en de sinne achtermekaar sette. Dan kan der un aardech ferhaal/kollum/fers ontstaan.

Lês fierder by Henk van der VeerLês fierder

Blog Johan Veenstra: Nedersaksisch

logo.ensafh

Ik bin vandaege de hiele dag in et Van der Valkhotel in Wolvege west. Daor was de eerste Warkkonfereensie Nedersaksisch die orgeniseerd was deur mien gemiente West-Stellingwarf. Hulde! D’r weren een kleine tachtig meensken uut alle Nedersaksische gewesten. De stoelen in de grote zael stonnen nog in de corona-opstelling. Liesbeth Schievink was de dagveurzitter die alles deskundig an mekeer praotte. De dag wodde eupend deur Roelof Theun Hoen, de kultuurwethoolder van West-Stellingwarf. Vandemorgen weren d’r tal van prissentaosies. Hoen vertelde over et gemientelik taelbeleid en Renate Snoeijing vertelde over permosie en marketing van et Nedersaksisch.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder