Kollum Henk van der Veer: “Jawohl!”

logo.ensafh

Op 6 april, sumar un woënsdachavend, naar Teater De Lawei in Drachten weest. Dat deed ik fanself nyt sumar, ut was wel un bewuste keus.

Stef Bos trad der op met syn solprogramma ‘Bloemlezing 2022′, un intieme foarstelling wêrbij’t de taalfirtuoas allienech achter syn piano op ut poadium der mar met rêde moest.

In moaie poëtise sinnen wurdde ut programma ankondegd as ‘een laboratorium voor nieuwe songs’ òf nòch fraaier ‘een haven voor ouder werk’. Niks mis met dy prikkelende reklameslogans foar ut programma.

Even goëd begripe, dit is gyn resênsy fan myn kant, nee ik brúk dizze inleiding foar wat Stef Bos dy avend over taal fertelde.… Lês fierder

Blog Wobbe Atsma: fergees treinlêze

logo.ensafh

Op it stasjon fan it Fean wie de drokte fan de spits al oer, de reboelje en opskuor ek. Skjinmakkers dienen mei hege druk alle war om in plasse bloed fan it perron te spuitsjen. Fuotbalfans hearde ik ien mompeljen. Ik seach wach oer it skouder. Gjin rikjend fjoerwurk mear.
Mear as heal leech lûk de trein flot op. Yn Swol waard it drok. Jongfolk foar it meast. In fjouwertal hoody-maten naam oarekant it gongpaad wat balstjurrich sit. ‘Stilte kûpee’, balte daliks in bazich frommeske achter har. De mannen taaiden fuort ôf. Sigrettereek en weedlucht bleau noch even hingjen.

Lês fierder by Wobbe AtsmaLês fierder

Aginda 21-04-2022: Boekpresintaasje Oekraynsk berneboek ‘Maia en har freonen’

logo.ensafh

Boekpresintaasje Oekraynsk berneboek ‘Maia en har freonen’
Opbringsten ferkeap Fryske útjefte foar UNICEF-Oekraïne

Op tongersdei 21 april fynt de presintaasje plak fan Maia en har freonen, in berneboek út Oekraïne, oersetten fia it Ingelsk nei it Frysk troch Tialda Hoogeveen.

De tastânkomming fan it boek is in unikum: alve Fryske útjouwers hawwe harren mei-inoar ynsetten
foar dizze útjefte, ûnder de flagge fan Boeken fan Fryslân en nimme ek de ferkeap fan it boek mei- inoar op harren. De folsleine opbrinst fan de ferkeap fan it boek giet nei UNICEF-Oekraïne, dy’t har ynset foar bern dy’t yn Oekraïne achterbleaun binne.

It boek fynt net allinne syn wei nei de Fryske lêzers, mar is ek oersetten yn in soad oare talen, sadat it no te lêzen is yn Sweden, Letlân, Dútslân, it Feriene Keninkryk, Poalen, Estlân en Yslân.… Lês fierder

Kollum Nelleke IJssennagger: Meartalich

logo.ensafh

De wrâld is der al”, mei dizze moaie wurden naam prof. Joana Duarte dizze wike, twa jier nei de start, har bysûndere learstoel Wrâldboargerskip en twatalich ûnderwiis oan de UvA fanwegen Stichting Nuffic oan.

It wie in meartalich feest, mei wurden yn it Nederlânsk, Portugeesk, Ingelsk en fansels Frysk. De seal siet fol mei wrâldboargers en wrâldboargers yn wurding, mei in prachtich Frysk rantsje. Want in part fan Fryslân wie útrûn om prof. Duarte te lokwinskjen.

Duarte wiisde op allegearre aspekten fan wrâldboargerskip, dêr’t it ynklúzje rekket, hoe’t it yn it ûnderwiis in plak fertsjinnet en wat de Unesco-definysje fan wrâldboargerskip as ferbûnens tusken regionaal, nasjonaal en ynternasjonaal betsjut.… Lês fierder

Kollum Jan Koops: Fries

logo.ensafh

Doe ik gister et begin van de kollum van Froukje Sijtsma heurde, doe docht ik: verdikkeme, spietig dat zi’j et hebben zal over et symposium van oflopen vri’jdag over de geschiedenis en toekomst van de ni’jskultuur in Frieslaand.

Spietig, docht ik, want ok ik zol mien kollum juust daorover gaon laoten willen. Mar gelokkig gong heur benaodering een hiel aandere kaante op as waor ik henne willen zol.

Froukje was zels bi’j et symposium; ikke niet. Mar uut et Friesch Dagblad van zaoterdag kon ‘k wel zoe’n betien geweer wodden wat d’r bepraot was op et symposium.
In de kop van et stok ston dat et halsstarrig bruken van de Friese tael in de media meensken uutsluten zol.… Lês fierder

Skôging Pier Bergsma: Hoe rêde wy it Frysk?

logo.ensafh

It Fryske (media)lânskip freget om fernijing. De Fryske taal moat dêr in folweardich plak yn krije.

Skôging

Men moat tsjintwurdich foarsichtich wêze mei wat men seit. Foardat men it wit, stiet men op de lange teannen fan ‘e LGBTI+-mienskip, de oer-, oer-, oerpake en -beppesizzers fan slaven of oare minsken dy’t har eftersteld fiele.

It seit himsels dat elk ferstannich minske begryp hat foar ‘ynklusiviteit’, ‘elkenien moat meidwaan kinne en wy diskriminearje net.’ Der binne grinzen oan wat op dat mêd mooglik en winsklik is. Opfallend genôch lûkt it Frysk – dat dochs de memmetaal fan trijehûnderttûzen ynwenners fan dizze provinsje is – yn dat opsicht oan it koarste ein.… Lês fierder